Buro de Vries fan 23 oktober 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • JOhnny Veenstra
  • Herman de Groot

Protters teplak yn It Houtwiel* Fryske boeren ynvestearje yn Roemeenske lânbougrûn * YM * Ynstjoerd stik * Nijsfoarum mei û.o. Harm de Kroon *

Protters

Sfearympresje by de radioreportaazje oer protters yn It Houtwiel.

Fryske boeren yn Roemenië

Sfearympresje by de reportaazje oer Fryske boeren dy't ynvestearre yn lânbougrûn yn Roemenië.

"Fanastysk moaie wolken protters dy't alle kanten útsjitte"

Foar fûgelleafhawwers binne it no topdagen. Al de hiele moanne lûke der kloften fûgels fan it noarden nei it suden. En ja, in grut part dêrfan fynt - al of net tydlik - in plakje yn ús provinsje. Ien fan dy plakken is natoergebiet it Houtwiel tusken Broeksterwâld en Feanwâlden. It is ûnder oaren in sliepplak foar protters. Net ien of twa, mar in protte. In ferslach fan kollega Remco de Vries en boskwachter Jacob Hanenburg.

Fryske boeren ynvestearje yn Roemeenske lânbougrûn

4000 Bunder lân yn Roemenie is yn hannen fan Fryske ynvestearders. Sûnt 2008 binne de Frisian Investors dwaande mei it opkeapjen fan bougrûn yn it eardere Eastbloklân. Se wurkje gear mei Roemenen, ynnovearje en buorkje foarút. Wat driuwt dizze ynvestearders, wat komme se tsjin oan tûkelteammen en wa profitearret der no it measte fan? De Roemenen of de Friezen? Simone Scheffer wie yn Roemenie en gie op 'en paad mei ien fan de mannen fan de earste oere, Frans Schreiber.
http://www.frisianinvestors.nl/index.html

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Johnny Veenstra.

"De premier is ferantwurdlik foar it keningshûs, dy moat alles witte"

'Hypocriete politiek', ûnder dizze kop skreau Herman de Groot fan Dryls fan 'e wike in ynstjoerd stik nei de krante. Hy leaut der neat fan dat de polityk net wist fan de belesting-ôfspraken mei de Oranjes. 'Ik durf te stellen dat de gehele Kamer hiervan op de hoogte is. Maar ja, vanwege de komende verkiezingen komt het nu beter uit dit te ontkennen." Wat wit De Groot dat wy net witte? Nijsgjirrich dat we binne by it Buro, sochten we him op.

Nijsfoarum

Hjoed mei:
- Harm de Kroon, âld direkteur-sikretaris fan respektyflik Friese Mij en NLTO, en PvdA-man.
- Ger Jaarsma, foarsitter NVM, lanlik ponghâlder fan de VVD en earder direktiefoarsitter fan de kredytbank.
- Corlienke de Jong, dosint Friesland College, steatelid/fraksjefoarsitter FNP.
De ûnderwerpen dy't oan 'e oarder komme binne:
- de fosfaatrjochten fan boeren
- de BKR registraasje feroaret
- in pasjintestop by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

11:10 - Fleetwood Mac - Everywhere
11:23 - Bonnie Raitt - Something To Talk About
11:41 - Lois Lane - Simply Beautiful
11:51 - Piter Wilkens - Grien Grien Gers Op It Hiem
12:11 - Albert Hammond - Free Electric Band
12:18 - Brooke Fraser - Something In The Water

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)