Buro de Vries fan 23 juny 2013

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide.
Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Freonen

    Sietske Poepjes en Miriam Bergstra

    Hjoed prate we oer freonskip mei Sietske Poepjes en Miriam Bergstra. Sietske Poepjes is deputearre foar it CDA. Se hat gjin partner of bern, mar har baan slokt in protte fan har tiid op. Miriam Bergstra is dosinte oan de Hanzehogeschool yn Grins, en mem fan trije bern en de fjirde op komst. In hiel ferskillend libben dus, dêr't se graach mei elkoar oer prate. Se learden elkoar 16 jier lyn kennen, doe't Sietske yn itselde studintehûs kaam te wenjen as Miriam. Hie Miriam doe al ferwachte dat Sietske op 31-jierrige leeftyd de jongste deputearre fan ús lân wurde soe?

    Friezen thús yn Sweden

    In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen.

    De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

    Untwerpe foar IKEA

    Yn Göteborg treffe we by ien fan de twa Ikea-festigings Monika Mulder. Monika is 39 jier en komt fan Wâldsein. Se hat fjouwer jonge bern en wennet mei har Sweedske man yn Göteborg.

    Monika hat de Design Academie yn Eindhoven dien en krige sadwaande in staazjeplak by Ikea. Nei in súksesfolle staazje koe se bliuwe. Yntusken wurket se der net mear fêst. Se hat har eigen ûntwerpstudio, mar wurket noch foar it grutste part foar Ikea.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)