Buro de Vries fan 23 febrewaris 2014, 11:00

Wy hearre graach wat jo fan it programma Buro de Vries fine. Ha jo op- en/of oanmerkings, lit it ús witte. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl. Ek foar goeie tips!

Frijheid fan griente op 'e tún

Grutte bedriuwen easkje de rjochten op foar de grienten yn ús tún. It Europeesk Oktroaiburo beslút ynkoarten oft multinationals eigener wurde kinne fan grientesoarten en it allinnerjocht krije op de produksje fan de siedden. De froulju fan 'Engrienetsiis' binne hjir poer op tsjin. Yn it brêgewachtershúske by de beurs yn Ljouwert freegje sy mei in lytse eksposysje omtinken foar dizze saak. Wy sochten Freya Zandstra en Dorine van den Beukel dizze wike yn har eigen tún, thús yn Heech, op.

Op de site www.engrienetsiis.nl fine jo mear ynformaasje, bygelyks wêr't je de petysje tekenje kinne foar 'no patent on seeds'.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jaap Vergonet.

'Het Lam' stiet op de longlist

Friezinne om utens, Janny Regnerus, is ien fan de nominearden foar de Libris Literatuerpriis 2014. Har boek 'Het Lam' is dêrmei gadingmakker foar de priis foar de bêste oarspronkelike Nederlânsktalige roman fan it ôfrûne jier. It Buro socht har op yn har wenplak Haarlem foar in petear oer Regnerus as literêr skriuwer en it boek wêrmei't se nominearre is.

De sjuery fan de Libris Literatuerpriis stiet ûnder lieding fan Paul Witteman en makket op 6 maart de shortlist bekend. Op 13 maaie wurdt dan de úteinlike winner bekend, foar wa't 50.000 euro oan prizejild klear leit.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Sjouke treft dizze wike yn Burdaard in man dy't snijde boerekoal by syn freonen en kunde bringt. Hy krijt sels ek twa sekjes boeremoes (lykas it yn de Wâlden neamd wurdt) mei.

De miening fan ... Tjalling van der Goot

De wyklikse kollum komt hjoed fan Tjalling van der Goot, advokaat by Anker & Anker yn Ljouwert. www.ankerenanker.nl

Fjouwer froulju, 30 jier freonskip

Se troffen mekoar op it gymnasium en 30 jier letter binne se noch altyd mekoars bêste freondinnen. Marileen Dogterom, Tamara Bok, Petra vd Bosch en Aukje Nauta, elk op har eigen wize bysûnder. Yn it Buro in rûnetafelpetear oer har libben, har hichte- en djiptepunten en foaral oer harren freonskip.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Tafal.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)