Buro de Vries fan 23 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Oesters sykje op it Waad, je tinke der net dalik oan sa yn 'e winter, wy dogge it toch,
Sjouke Lousma treft in fûgeler en rekket ûnder de yndruk fan in sljochtfalk,
Yn Memoriam oer Hein de Boer, oftewol boer Hein fan de hynders,
en Earnewâld wol mear keunst en kultuer.

It wie in rûzich jier foar Sybrand Van Hearsma Buma. De kabinetskrisis, de striid om it CDA-listlûkerskip, de dramatyske ferkiezings foar syn partij. It Buro reizige ôf nei Den Haach en seach mei Van Hearsma Buma werom op 2012.

Oesters sykje op it Waad

De klipper Willem Jacob sylt snein oer it stille WinterWaad. Oan board wurde de hannen waarme oan in mok poeiermolke. By leech wetter stapt it selskip fan board, it Waad op. Doel fan de tocht: oesters sykje. Ien fan de manlju oan board is Wouter van der Heij fan de Waadferiening. It Buro wâde earder dizze wike mei him troch it opkommende wetter...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Hein de Boer, oftewol boer Hein.

Earnewâld wol mear keunst en kultuer

Earnewâld wol mear keunst en kultuer.

Underweis (1646)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy de koster fan de tsjerke yn Jelsum.

Sybrand van Haersma Buma

Sybrand van Haersma Buma; wat moat 2012 in apart jier foar him west ha.
De kabinetskrisis en de breuk mei de PVV, de striid om it CDA-listlûkerskip, de kampanje foar de keamerferkiezings en de dramatyske útslach dêrfan foar syn partij.
Hoe sjocht hy der sels op werom? Wat bin syn plannen foar de takomst en hoe Frysk fielt er him eins noch?
Wy fan it Buro sochten him op yn Den Haach foar in iepenhertich petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)