Buro de Vries fan 22 novimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* Otteropfang Rietnymf * Yn Memoriam Ytzen Tamminga * IS saakkundige op Ljouwerter gymnasium * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum fan Anje Wester-Koopmans * 'Ik bin skieden fan de MS, net fan fan myn man' * Us doarp: Tytsjerk *

Otteropfang Rietnymf

Twa jier lyn hâldt de otteropfang yn Aldegea op en naam Auke Kuiper it stokje oer. De otteropfang by syn natuer- en edukaasjesintrum De Rietnymf by Munnikebuorren is der klear foar, mar hat noch gjin bisten helpe kinnen. Oant no ta binne allinne deade bisten by him brocht, mei as djiptepunt ferline wykein: fjouwer deade otters.
http://www.derietnymf.nl/

Yn Memoriam: Ytzen Tamminga

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Ytzen Tamminga fan Ljouwert.

IS saakkundige Pieter Nanninga op it Ljouwerter gymnasium

  • Pieter Nanninga, saakkundich op it mêd fan IS

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en komt op syn reis nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket. Dizze kear is er op it tsjerkhôf yn Balk.

Kollum Anje Wester-Koopmans

'MS is gewoan in akelige sykte'

  • Wiepie Haagsma
  • neurolooch Okke Sinnige
  • MS ferpleechkundige Ytsje Dijkstra

Kommende wike wurdt der kollekteard foar it MS fûns. MS is in sykte dy’t relatyf faak foarkomt yn Nederlân: 1 op de 1000 minsken hat MS. It MCL yn Ljouwert hat in spesjaal MS kennissintrum dêr't 600 pasjinten behannele wurde. De pasjinten komme net allinne út Fryslân, ek út de polder, Grinslân en de kop fan Noard-Hollân. Omdat MS in sykte is dy't by jonge minsken foarkomt, grypt it faak djip yn. Yn it libben fan de pasjint sels en ek yn dat fan de minsken om him hinne. It Buro socht út wat MS is en wat it docht mei minsken.


Grietje Postmus

Us doarp: Tytsjerk

Mei mear as 1500 ynwenners is Tytsjerk ien fan de gruttere doarpen yn De Trynwâlden. Om't it krekt oan de oare kan fan de grutte dyk leit, is der wol sprake fan in echte barriêre. En yn it doarp ha se der noch ien: it spoar tusken Ljouwert en Grins dat de grins foarmet tusken it âlde en it nijere diel fan it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)