Buro de Vries fan 22 maart 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* De Jersey-kij fan Otto Jan Bokma *YM Sijtje Mulder-Bouma * De idealen fan Douwe Kalma * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tjalling van der Goot * Frysk damjen kin grutter * Europolitikus Jan Huitema * Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

'Dy Jersey-kij binne ús gouden aai'

  • Jersey-kij yn de stâl fan Bokma

Kommende tongersdei wurdt bekend hokker agrarysk bedriuw de titel "Agraryske ûndernimming fan it jier" krijt. Der binne fiif bedriuwen nominearre. Ien dêrfan is it famyljebedriuw fan Klaas en Otto Jan Bokma fan It Heidenskip. Se ha trije melkfeebedriuwen en in tsiisbuorkerij. Se buorkje biologysk. Buro de Vries trof Otto Jan Bokma yn harren tsiisbuorkerij mei de namme "de Nijlander" by Warkum.

Der kin noch oant en mei tiisdei stimd wurde op www.agrarischondernemer.nl/stemmen
As jo stimd ha, dan krij jo yn jo mailbox in mailtsje werom mei in link. By it klikken op de link wurdt de stim definityf.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sijtje Mulder-Bouma.

De idealen fan Douwe Kalma

Jelle Krol fan Tresoar fertelt oer Douwe Kalma, Frysk skriuwer en dichter en oprjochter fan de Jongfryske Mienskip yn 1915. In feriening dy't har ynset foar de Fryske taal en identiteit. Op sneontemiddei 28 maart is der in sympoasium oer Douwe Kalma en syn idealen foar it Frysk. It sympoasium ‘Fryslân en de wrâld. Jonge Friezen mei kulturele ambysje’ wurdt organisearre troch Sirkwy en fynt plak yn de Koperen Tún yn Ljouwert tusken 14 en 17 oere. http://www.jongfryskemienskip.com/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed is hy by in aaisiker dy't thús sit yn Tersoal.

De kollum

De kollum komt hjoed fan advokaat Tjalling van der Goot.
www.ankerenanker.nl

'Eartiids hong yn elts bûthús in damboerd'

Takom wike organisearje Liuwe Westra en Marten Walinga foar de 7e kear alwer in grutmastertoernooi Frysk Damjen. It Frysk damjen is in âld spul, âlder as de Hollânske fariant. En neffens de manlju hat it ek folle mear potinsje as wedstriidsport.

It grutmastertoernoai yn Frjentsjer set tongersdei útein op in prachtige lokaasje: twa tall-ships oan de Suderkade. De finales binne sneon yn it âlde riedshûs yn Frjentsjer. Hjir wurdt ek in app presintearre en in nije, ienfâldiger foarm fan it spul yntrodusearre.
Mear ynformaasje: www.frisiandraughts.com

'In prachtich sinjaal foar de Nederlânske lânbou'

'Europeesk lânbou-politikus fan it jier'; dy titel gie dit jier nei de VVD-europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea. Mar wat betsjut dat eins?, en fan wa komt dy ûnderskieding? It Buro sjocht mei de politikus werom op syn earste jier yn it Europeesk Parlemint, de wurdearring foar syn ynset en de kombinaasje fan it politike wurk yn Brussel en it boerewurk yn Makkingea.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Juliette.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)