Buro de Vries fan 22 maaie 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Tjalling van der Goot
  • De Zijn-plek yn Ketlik

* Ta josels komme op de 'Zijn-plek' yn Ketlik * Yn Memoriam: Henk Helmus * Twa senioaren ha inoar fûn troch muzyk te meitsjen * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tjalling van der Goot * It nijsfoarum

Natuer belibje op de Zijn-plek yn Ketlik

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Henk Helmus fan De Harkema oer.

Muzykfreonen op leeftiid

  • Jaap Bakker
  • Frits Rinsma

Muzyk is de passy fan Frits Rinsma en Jaap Bakker. Om de fjirtjin dagen komme se byinoar op de kofje yn Stiens om by te praten, mar benammen om muzyk te meitsjen. Jaap is 85 en spilet piano, Frits is 78 en strykt de sello. Fan 'e wike troffen we beide manlju by sa'n muzikale moeting...

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt.

Kollum

De kollum komt hjoed fan Tjalling van der Goot, advokaat by http://www.ankerenanker.nl/.

It nijsfoarum

Otto van der Galiën, earder lid fan provinsjale steaten foar de PVV en dosint, en Attje Meekma, boerin en earder gemeenteriedslid foar it CDA, nimme wer plak yn it nijsfoarum om ûnder lieding fan René Koster te diskusjearjen oer it nijs fan de ôfrûne tiid. Se krije dizze kear selskip fan...
Underwerpen sille wêze: Brexit, Max Verstappen, Cambuur en FC Twente en de Gooische 'R'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)