Buro de Vries fan 22 juny 2014 11:00

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Ids Willemsma en Cor Snoei

Yn de earste ôflevering fan 'Freonskip': keunstner Ids Willemsa en syn maat Bart Snoei. Ids Willemsma kinne je fan syn grutte, meast stielen, keunstwurken. Lykas it timpeltsje op de seedyk boppe Marrum. Ynkoarten wurdt by museum Belvédère syn keunstwurk foar Foekje Dillema presintearre.
Ids Willemsma wennet en wurket yn Easterwierrum, dêr't syn maat Bart Snoei geregeld del komt foar in bakje.

Friezen thús yn Frankryk: Ralph Bonnema en Pietsie Feenstra

We begjinne ús rûnreis troch Frankryk yn Parys. Ralph Bonnema wurket sûnt twa jier as bedriuwslieder yn ien fan de twa fytsesaken fan Holland Bikes yn de Frânske haadstêd. Ralph komt fan Frjentsjer en hie in eigen fytsesaak yn Harns. Fytsen rinne as in reade tried troch syn libben. Sa trof hy syn Frânske freondin nei in fytstocht boppe op Alpe D'Huez.

*

Yn Parys treffe we ek Pietsie Feenstra. Sy komt fan Wjelsryp en wennet al 15 jier yn Parys. Se is dosint oan de Sorbonne, de universiteit fan Parys. Se jout it fak film. Frankryk hat folle mear in filmkultuer as Nederlân. Sadwaande is Pietsie hjir bedarre.

*

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)