Buro de Vries fan 22 july 2012

  • Spiler wurdt laden

Simmer yn Fryslân! Dus ek it Buro yn simmerske sfearen.

De Waadeilannen binne populêre fakânsjebestimmings. It Buro siket de rêst op lytse eilantsjes yn de binnenwetters fan ús provinsje. Sjouke Lousma is fan de partij mei syn rubryk Underweis en Cor Waringa fersoarget in YM.

Yn de twadde oere komme ús kollega's yn Sweden oan yn Munkfors, in plakje yn de gemeente Värmland dêr't meardere Fryske gesinnen nei ta emigrearre binne. Werom en at it har brocht hat wat se sochten hearre jo dizze en nije wike yn ús rige programma's "Friezen thús yn Sweden".

It eilân

It Buro siket fan't simmer Fryske eilantsjes dêr't lang net elk it bestean fan wit. Hjoed gean we mei de pont oer nei in eilân dat ek sa hiet: "It Eilân". It leit noardlik fan Goaïngahuzen en is sûnt oardel jier diels ynrjochte as natoergebiet en eigendom fan It Fryske Gea. Kees Romkema hat hast syn hiele libben buorke op It Eilân en meant der noch altyd. Krekt foar in pear tongerbuien út, seach Buro de Vries mei him op 'syn' Eilân....

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sjoukje Roos Sieperda

Underweis 1626

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed in petear op de folkstún yn Wommels. De nije Doré’s komme sûkerskjin ut de grûn. Net dalik opite, pear dagen bekomme litte...want oars reitsje je yn ‘e skiterij.

Twa wike thús, twa wike op it skip

Op ús rünreis troch Sweden binne we oankommen yn Munkfors, yn de boskrike provinsje Värmland. We treffe dêr in soad Friezen. Hjoed gean we op besite by de famylje Hoekstra en de famylje Zuidema.

Fannacht 3 oere is Klaas Hoekstra thús kommen yn Munkfors. Hy hat twa wike fearn op in tanker. Klaas is stjoerman en wurket twa wike op twa wike ôf. Syn wurk is net yn Sweden, mar meast yn Nederlân en Dútslân. Seis jier lyn gongen Klaas en Gerda mei har trije bern nei Sweden op syk nei mear romte en minder stress. Se hienen ûnderfining mei har simmerhûs en sa wie de beslissing om te emigrearen yn in pear dagen nommen.

Fan De Harkema nei de bosken fan Sweden

Jan Zuidema wie ferline wike noch oan de Noarske kunst oan it wurk, hy siet yn Stavanger. Hy pakt alles oan dêr't er foar frege wurdt. Fiif jier lyn woenen hy en syn frou Rosita, wat oars. Jan ferkocht syn fersekeringskantoar en mei har twa bern gongen se nei Sweden. Jan soe oan it wurk by de makeler dy't bemiddele hie by har hûs. Mar doe't se yn Sweden wiene gong de "deal" net troch en siet Jan sûnder wurk. Jan hat dus net fêst wurk en Rosita is altyd thús, want ek foar har is yn de wide omjouwing gjin baan te finen. Lang om let ha se it beslút nommen werom te gean nei Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)