Buro de Vries fan 22 febrewaris 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

*Tsjerkûlen krije in nij briedplak * Yn Memoriam: Ina de Boer - vd Velde * ûlebuorden soene erkend wurde moatte as ymmaterieel erfguod * Sjouke Lousma ûnderweis yn Boksum * nei de oldtimer is der no in protte belangstelling foar de youngtimer * kollum fan advokaat Tjalling van der Goot

Tsjerkûlen krije in nij briedplak

It échte wurk foar it nije ferkearsplein op De Jouwer begint pas nei de simmer, mar it tariedende wurk is al begûn. In soad beammen wurde al roaid, hjir en dêr wurdt der wat sloopt en der wurdt ferhuze. Ek yn de fûgelwrâld stiet in ferhuzing pland: fan tsjerkûlen! In tal ûlen hat harren briedplak yn in pleatske dat yn de takomst wol hiel ticht by in nije dyk komt te lizzen. Dêrom krije se eefkes fierder, in nij briedplak oanbean. It Buro wie nijsgjirrich hoe't je soks dogge en gie dêrom op paad mei Piet Schukken en Tsjepke van der Honing fan de Wurkgroep Kerkuilen Friesland....
Wa't mear lêze en sjen wol oer de ferhuzing fan de tsjerkûlen en de bou fan de nestkasten troch learlingen fan it Bornego Kolleezje, kin sjen op de webside www.knooppuntjoure.nl

Yn Memoriam: Ina de Boer - vd Velde

Buro de Vries fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ina de Boer-vd Velde

Ulebuorden: wichtich kultureel erfguod

  • Erno Korpershoek

Ymmaterieel kultureel erfguod, dêr ha we in soad fan yn Fryslân. Dochs stean der mar in pear op de offisjele nasjonale ynventarisaasje-list. Dat moat oars fyn de Knypster Erno Korpershoek. Earder slagge hy der yn syn grutte hobby, it Frysk Houtsnijwurk, njonken de Hylper Kultuer, op 'e list te krijen. No docht er alle war om ek it ûleboerd erkend te krijen. It Buro reizge ôf nei De Knipe foar in moeting mei dizze befleine ambachtsman....

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma treft yn Boksum skieppeboer Jaap

Kollum fan advokaat Tjalling van der Goot

Advokaat Tjalling van der Goot fan it advokatekantoar Anker en Anker yn Ljouwert, hat yn syn kollum in aktueel juridysk tema by de kop.

Youngtimers - auto's fan 15 jier of âlder - binne populêr

Yn 2014 feroare de Oldtimer-regeling. De belestingfrije leeftyd fan in auto ferskode fan 25 nei 40 jier. De oldtimermerk sakke yn. Underwilens is der in hiele nije merk ûntstien, de youngtimermerk. Auto's fan fyftjin jier of âlder. Moai foar de leafhawwer en belestingtechnysk nijsgjirrich foar de saaklike rider.
It Buro socht út foar wa't sa'n youngtimer no krekt ynteressant wêze kin.

Yn maaie dit jier wurdt it label 'Youngtimer Business Wise' presintearre op in youngtimerevent yn Boxtel. In label dêr't tsien spesjalisearre autobedriuwen oan mei dogge, werûnder Klaas de Poel fan Surhústerfean. http://www.klaasdepoel.com/

12:40 - Abba - Mamma Mia

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)