Buro de Vries fan 22 desimber 2013 11:00

Op- en/of oanmerkings? Of in goeie tip? We hearre it graach! Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Rôffûgels yn it Hegewiersterfjild

As je oer de N31 fan Harns nei Surch ride, sjoch dan ris nei links. Ien en al fûgels. Hjir leit it Hegewiersterfjild. In paradys foar fûgels. Yn it foarjier greidefûgels, no sit it grôtfol waadfûgels. En rôffûgels. Boswachter Sander Veenstra spot troch syn kiker dalik in bysûnder eksemplaar. http://www.natuurmonumenten.nl/natuurgebieden/hegewiersterfjild

Ym: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tjalling van Minnen.

"Snie is demokratysk, it falt op alles"

Dizze wike waard yn Earnewâld de Winterútstalling yn Galery Koopmans iepene mei ûnder oare wurk fan skilder Gosse Koopmans. Gosse Koopmans wit de winter fêst te lizzen op doek. We sochten him op om út te finen hoe't hy dat foa mekoar krijt. De Winterútstalling yn Galerie Koopmans yn Earnewâld duorret oant 2 maart en der is ek wurk te sjen fan Hans Jouta, Abe de Vries en Edith Benedictus
http://www.galeriekoopmans.nl/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed treft hy Sikke Oostenbrug by syn op ien nei lêste keuring fan hinnen.

De miening fan ...Tjalling van der Goot

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch Tjalling van der Goot, advokaat by Anker & Anker. http://www.ankerenanker.nl/

Mei in Fryske bril werom sjen op it politike jier

    De keamerleden ha krystreses, dus tiid om by ús oan te skowen. Magda Berndsen (D'66), Aukje de Vries (VVD) en Jacques Monasch (PvdA). Hoe ha sy it ôfrûne politike jier belibbe
    De fleanbaisis en de JSF, de posysje fan it Frysk en ús eigen omrop, ien noardlik lânspart of selsstannich bliuwe. We sjogge mei in Fryske bril werom op it ôfrûne politike jier.

    De minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Ron Wood.
    http://www.nykdev.nl/

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)