Buro de Vries fan 21 septimber 2014 11:00

* Donkere wolken boppe Jouster Fanfare * Op de grins fan simmer en hjerst * Pararuter Rixt van der Horst * Kollum Tjalling van der Goot * YM * Underweis * Minút fan Nyk *

Op de grins fan simmer en hjerst

It is 21 septimber. Hjoed begjint de hjerst. Mar de ôfrûne dagen wie it kwa temperatuer gewoan simmer. Wat sjochst dêrfan werom yn de natoer? Mei Tom Jager fan it Fryske Gea rinne we troch de Lendevallei, in natuergebiet by Wolvegea. Op syk nei de simmer en de hjerst.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tjerk Kinderman.

Myn dream is Rio 2016

Rixt van der Horst fan Grou hat in dream: de Paralympyske Spelen yn Rio yn 2016. In dream dy't hiel tichtby komt! Op de Wereldruiterspelen yn Normandië (it WK foar alle hynstesporten) helle se lêsten twa gouden medailles op it ûnderdiel paradressuer. En mei it lanneteam helle se sulver. Rixt is 22 jier en rydt sûnt in jier op Uniek, in gouden kombinaasje blykt. We sjochten har op yn Burgum op stoeterij it Heechhiem.

Sjouke Lousma ûnderweis (werh. 1671)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum: Tjalling van der Goot

Blaze, yn de wyn op...

De Jouster Fanfare wurdt bedrige. De subsydzje fan gemeente De Fryske Marren stiet faai, de oefenromte ferdwynt mogelik en sels de âld papieraksje stiet ûnder druk. En dat wylst de fanfare fierder geweldich draait. Mear as 110 leden, in soad entûsiaste jeugd en musiseare op nivo.
Buro de Vries hjoed oer in Fryske top-fanfare en syn bedrigings.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Ramon.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)