Buro de Vries fan 21 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden
  • Springspin

Poddestuollen kin je ite, mar hokker/welke? Ferskillende Fryske topkoks krigen in kursus poddestuollen sykjen. Cor Waringa sjocht werom op it libben fan Jacob Vellenga, Partij fan de Arbeid man fan it earste oere. Sjouke Lousma is op de folkstún by Aldstjerk en we sjogge yn de galerie fan de Lawei by de eksposysje fan keunstner Guus Slauerhoff.
Ofrûne moandei waard offisejeel de earste skeppe setten yn it Drachtsterfeartprojekt. We sochten de man op dy't alles yn de jierren 90 yn gong sette, âld-wethâlder Ines Pultrum. It brein fan Sytske H., it bliuwt in riedsel foar psycholooch Gerrit Breeuwsma, dalik syn kollum. En de fassinaasje foar spinnen fan Peter Koomen.

Lekkere poddestuollen

In groep Fryske topkoks rôp de help yn fan poddestuollekenner Edwin Florès út Elst (Gelderlân) om harren te learen hoe't se ytbere poddestuollen herkenne kinne. Kevin Wilkes fan De Vijf Sinnen yn Weidum, Henk Markus fan Het Ambacht It Hearrenfean, Willem Schaafsma fan Eindeloos yn Ljouwert en Esther Gerlsma fan Tandjong Priok yn Arum lutsen de learzen oan en it Buro mocht ek mei.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Jacob Vellinga, PvdA man.

Guus Slauerhoff

Transitie, feroaring/fernijing, is it jiertema fan De Galerij, de eksposysjeromte fan de Lawei yn Drachten. De oersjochtentoanstelling fan Guus Slauerhoff past hjir hielendal yn. De eksposysje "Das dasein und Ich" wurdt fan 'e middei 3 oere iepene troch de eardere direkteur fan de lawei Thom van der Goot. Takom wykein, sneon 28 en snein 29 oktober is Guus Slauerhoff ek yn Drachten. Hy is dan 'live' oan it wurk te sjen. De eksposysje wurdt 9 desimber ôfsletten mei in bysûnder fadokonsert. Sjoch ek op: www.lawei.nl en www.guusslauerhoff.com.

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy op de folkstún by Aldtsjerk.

Kollum Gerrit Breeuwsma

De wyklikse kollum komt hjoed fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

Peter Koomen is sljocht op spinnen

In spintsje fan in pear mili­meter grut dat springt en docht oft it in mier is: de springspin fan Borneo. Pe­ter Koomen, konservator fan it Natuurmuseum Fryslân, heart ta in lyts groepke bio­logen yn ‘e wrâld dy’t alles wit fan dit lytse, nijsgjirrige bistje. Koartlyn hat Koomen op ekspedysje west nei Borneo. Hy socht yn de jungle nei it lyt­se bistje en kaam mei tal fan nije soarten werom. Buro de Vries gie yn Ljouwert op besi­te by Koomen. Hy leit út wat it belang is fan sa’n ekspedysje en lit ús de springspintsjes ûn­der de mikroskoop sjen.

Hoe is it no mei .....Ines Pultrum

Ofrûne moandei is offisjeel begûn mei it útgraven fan de Drachtsterfeart. As alles giet as plant, streamt de Drachtsterfeart begjin 2016 oant it sintrum fan Drachten. It wie Ines Pultrum dy't yn de jierren '90 dizze hiele saak oan it rôljen brocht. PvdA'er Pultrum wie wethâlder fan 1994 oant 2004. Der wie earst in soad wjêrstân tsjin it Drachtsterfeartprojekt, mar Pultrum seach it belang der fan yn en bleau der foar striden. It Buro sjocht mei him werom op dy tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)