Buro de Vries fan 21 july 2013

  • Spiler wurdt laden
  • Jan Ykema en Tom Mulder

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide. Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Jan Ykema en syn bêste freon

Foar âld-reedrider Jan Ykema wie it yn minne tiden fan grut belang dat hy noch in freon hie, ien dêr't er op werom falle koe. Nei syn sulveren Olympyske medalje, yn 1988, ferruile Ykema syn skinpak foar in maatpak en waard makeler. Hy rekke al gau yn de ûnderwâl. Syn freon Tom Mulder bleau altyd achter him stean.

'Friezen thús yn Sweden'

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

Juf op de Nederlânske skoalle yn Stockholm

Sweden-Skotlân-Sweden, dat is de rûte dy't Rimada Langhout en Jan Mulder de ôfrûne sân jier dien ha. Jan is neurowittenskipper en dat bringt wolris in ferhuzing mei him mei. Hy is ferbûn oan it Karolinska ynstitút, jim witte wol, fan de Nobel-priis. Rimada jout les oan de Nederlânske skoalle yn Stockholm. De Nederlânske skoalle is net in aparte skoalle. Se fersoargje lessen op twa lokaasjes yn de stêd nei de gewoane skoaltiden. Alle bûtenlânske bern yn Sweden ha rjocht op les yn har memmetaal.
Yn Sweden stean bern sintraal, en sa as Jan Mulder seit: "Kinderen zijn heilig hier". Prestaasjes binne op skoalle minder belangryk, it giet om de ûntwikkeling fan it bern. Der wurdt in soad boarte en it bern bepaalt foar in grut part de lesstof. It liket soms hiel frijbliuwend mar neffens Rimada binne se, op 18-jierrige leeftiid like fier as bern yn Nederlân. Kreatyf tinken wurdt ûntwikkele en dat sjocht Jan werom by syn studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)