Buro de Vries fan 21 febrewaris 2016 11:00

* Wintersportwaarman John Havinga * Yn Memoriam: Trijntje Cloo * De foarstelling 'Mama Gazoline' fan Tryater * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum fan Tet Rozendal * Anja Steegstra: slachtoffer fan in oerfal, 7 jier letter * Iensumens yn 'ús doarp'

John Havinga foarseit it waar yn de Alpen

Noch ien wike en dan sille in protte minsken ôfreizgje nei de Alpen foar in wintersportfakânsje. Foar de foar-wille is it dan aardich om alfêst ris wat op ynternet te sykjen nei hoe't de omstandichheden dêr binne en wat foar waar der ferwachte wurdt. Faak kom je dan út op de site sneeuwhoogte.nl.

En dan kin it ek wêze dat je in waarsfoarsizzing lêze fan ús eigen Fryske waarman John Havinga.

Yn Memoriam: Tryntsje Cloo

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op de Jouwer, oan'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Trijntje Cloo-Kuiper oer.

Tryater spilet 'Mama Gazoline' foar skoalbern

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Hy bedarret dizze kear yn in fûgelhutte by Easterlittens.

De kollum fan Tet Rozendal

Multytalint Tet Rozendal dûnset, sjongt en spilet. In skoftke lyn is dêr it skriuwen by kommen. Foar Buro de Vries skriuwt se ien kear yn de moanne in kollum.

'Ik wit net oft ik in sterke frou bin, ik bin wol oars wurden'

"Memmesiel" is de titel fan in teaterstik dat Anja Steegstra skreau foar it selsskip "Sterke froulju. It stik giet oer fjouwer froulju yn de finzenis. Froulju dy't mem binne en froulju dy't in mem hawwe. Anja skreau it stik nei in hiele heftige perioade yn har libben. It buro socht har op om te praten oer it libben, libbenskrêft en oer de memmesiel.

'KEARN' yn de Trynwâlden yn aksje tsjin iensumens

Iensumens wurdt sjoen as in probleem dat hieltyd grutter wurdt. Ek op it plattelân. Yn De Trynwâlden besiket de wolwêzensorganisaasje KEARN dêr wat tsjin te dwaan. Yn de Spar yn Oentsjerk troffen we twa meiwurkers by in kempingtafeltsje mei fleurige kaartsjes en bryfkes, én mei fleurich praat...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)