Buro de Vries fan 21 desimber 2014 11:00

Guozzen mei in halsbân * boek 'Gais' oer Gais Meinsma fan Jorwert * Yn Memoriam Sietske van der Walle * Sjouke Lousma is ûnderweis * kollum fan Tjalling van der Goot * krystharkspul 'Wat moat dat bern dêre' * ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Guozzen mei in halsbân

Mei help fan in kiker, in kompjûter en ynternet is it hjoed-de-dei hiel maklik om der achter te kommen hokfoar libben guon guozzen krekt hân ha. Guon guozzen, want dit wurket foaral goed by guozzen mei in saneamde halsbân. Wittenskippers binne sljocht op de gegevens fan minsken dy't dizze fûgels opspeure en werom melde. Wy gongen op stap mei twa fan harren; heit Willem en soan Wender Bill fan Fûgelringstasjon Menork yn Lippenhuzen.

Yn Memoriam: Sietske van der Walle

Cor Waringa betinkt Sietske van der Walle.

Nij boek: 'Gais'

Wa't Jorwert seit, seit Gais Meinsma. Se waard dêr 88 jier lyn berne en hat der nea wei west, útsein in koarte perioade nei de oarloch. In moai minsk, in frou dêr't je wol in boek oer skriuwe kinne. Sa tocht ek Dick Witte, dy't har kollega wie by de gesinssoarch yn de 70- en 80-er jierren. Dick Witte wennet yn Tilburch. Hy reizge jierrenlang op en del nei Fryslân om yn ynterviews mei Gais Meinsma har libbensferhaal op te tekenjen. It boek 'Gais' is sneontemiddei presintearre.
'Gais' is te krijen yn de boekhannels en ek op ynternet te bestellen: www.noordboek.nl of op www.bol.com

Sjouke Lousma ûnderweis (1715)

Sjouke Lousma treft dizze kear in hurdrinner ûnderweis.

Krystharkspul 'Wat moat dat bern dêre'

Yn 1988 waard yn it berneprogramma Gribus in krystharkspul útstjoerd. De rollen binne foar Freark Smink en Leny Dykstra en Syts Ypenga lêst de fertelstikken.

It mystearje fan de stjer fan Bethlehem

It mystearje fan de Stjer fan Bethelem hâldt minsken al ieuwen dwaande. Hat dy der ècht west? En wat wie it dan? Fan 't hjerst wie der sels noch in grut ynternasjonaal kongres oer by de Ryksuniversiteit fan Grins. Wy sochten saakkundige Henk Nieuwenhuis fan Frjentsjer nochris op. Hy is âld-konservator fan it Eise Eisinga-museum en publisearre in soad oer de Stjer fan Bethlehem....

Nyk de Vries mei in ultrakoart ferhaal

Nyk de Vries hat alle wiken in ultrakoart ferhaal. Dit is 'Kryst by de meubelgigant'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)