Buro de Vries fan 21 april 2013

  • Spiler wurdt laden

It wurk oan de ekokatedraal giet troch, fûgelgedichten, in reportaazje út Turkije en fansels al ús fêste rubriken lykas Underweis en YM. It is wer ien en al ferskaat yn Buro de Vries.

De manlju fan de ekokatedraal

Se binne om 'e 70 hinne en hâlde fan in bytsje swit op 'e bealch. De frijwilligers fan de ekokatedraal yn Mildaam, de tún mei bousels fan túnarsjitekt Louis Le Roy. Ferline simmer ferstoar Le Roy, mar Johan, Rob, Berend, Freek, Jaap, Sjoerd en Siebe wurkje troch oan syn libbenswurk. Alle tiisdeitemoarnen strûpe se de mouwen op.

Wolle jo ek meibouwe, je binne op tiisdeitemoarn wolkom bij de ekokatedraal yn Mildaam. Enne, ek froulju binne wolkom hear...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Pieter Nicolai fan Eastermar.

Fûgelgedichten

Yn it ramt fan it projekt "Kening fan 'e greide" binne, rûnom yn de provinsje, ideëen garre oer de takomst fan de greidefûgels. Op in hiel oare wize hat Tresoar dwaande west mei fûgels. Eppie Dam kriich de opdracht om Fryslâns moaiste fûgelpoëzy byelkoar te bringen.
De bondel "Oer de wjuk", dy't útjûn wurdt troch Bornmeer, wurdt kommende tiisdei presenteard yn Tresoar. Pieter Wilkens sil dan foar it earst it skriezeliet sjonge.
It projekt "Kening fan 'e greide" set dy jûns in folgjende stap.

Underweis (1662)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn de Warkumerwaard.

Kollum

De wyklikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.

Geartsje van Houten yn Turkije

De achterdoar fan de Europeeske Uny. Sa wurdt it grinsgebiet tusken Turkije en Grikelân omskreaun. Yn 2010 kamen 9 fan de 10 yllegale ymmigranten fia dizze rûte de EU binnen. Faaks Afganen, Syriërs en Irakezen dy’t in soad sinten betelje oan minskesmokkelers om yn ‘e EU te kommen. In gefaarlike rûte dy’t regelmjittich fataal ôfrint.
Geartsje van Houten út Feanwâlden wennet oan ‘e Turkse kant. Se docht ûndersyk nei yllegale ymmigraasje.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)