Buro de Vries fan 20 septimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* sagen jagen yn Eastermar * Yn Memoriam: Herman Hettinga * 200 jier it Nut De Gordyk * ûnderweis op de folkstunen yn Dokkum * kollum Bart Kingma * de tunen fan Mariënburch * ôflevering 2 fan ús Doarp

'Sagen jagen' yn Eastermar

  • Dam Jaarsma
  • Ferhaleferteller Douwe Kootstra op de fyts

De Dam Jaarsma stichting yn Eastermar hat yn gearwurking mei it Meertens ynstitút in tal kuier- en fytsrûtes om Eastermar hinne útsetten. It binne bysûndere rûtes dêr't de ferhalen dy't Dam Jaarsma sammele hat in wichtige rol yn spylje. Geartsje de Vries stapte mei foarsitter Iris Rusz en ferhaleferteller Douwe Kootstra op de fyts.

In rûtekaart is te krijen by de VVV yn Eastermar. En as jo ek de ferhalen hearre wolle, gean dan nei www.sagenjagen.nl. Op www.damjaarsma.nl is noch in PDF del te heljen mei in hiel soad lânskiplike en histoaryske ynformaasje fan de ferskillende rûtes.

Yn Memoriam: Herman Hettinga

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Herman Hettinga, hikke en tein yn Heech en letter fan Snits.

200 jier it Nut op 'e Gordyk

  • Oankundigingen fan sprekkers rûn 1900 (Nut Gordyk 200 jier)
  • Museum Opsterlân, De Gordyk

Sa'n ieu lyn hie hast elts doarp yn Fryslân in ôfdieling fan it Nut, folslein sein: Maatschappij tot Nut van 't Algemeen. Hjoeddedei bin der noch mar fiif departeminten yn ús provinsje te finen. Ien dêrfan sit op 'e Gordyk en dy fiert syn jierdei: 200 jier. In jubileum dat fierd wurdt mei in eksposysje yn Museum Opsterlân dy't ôfrûne freed iepene waard. Earder dizze wike krige it Buro alfêst in foarpriuwke fan de bestjoersleden Harrit Wester en Jurjen van der Meer.

De eksposysje yn museum Opsterlân is noch oant 8 novimber te sjen.http://www.museumopsterlan.nl/tentoonstelling-200-jaar-nut/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed is er op de folkstunen yn Dokkum.

Brief oan de Fryske boargemasters

Kollumnist Bart Kingma hat diskear in brief skreaun oan de Fryske boargemaster, oer de opfang fan flechtlingen.
De kollum is te lêzen op www.demoanne.nl

Wrotte yn in libben fan túnman Knoop

  • Geart de Vries en Hester Postma fan it HCL. Op de tekening der achter nei alle gedachten Knoop
  • Toarnbeiesaakkundige Karst Meijer, Take Beukema en Gerard van Loon, konzjerzje fan it Nordwin kolleezje op syk nei de twambeiestrúk,
  • Nynke Zijlstra, pomolooch, yn har Appelhôf

Se wie sljocht op moaie tunen en wie in soad te finen yn har bûteferbliuw Mariënburch. We hawwe it oer Maria Louise, ek wol Marijke Meu neamd. It is 250 jier lyn dat Maria Louise ferstoar en dêrom fiere we dit jier har libben. Wy fan Buro de Vries wiene wol benijd nei har túnman, Johann Hermann Knoop. De man dy’t de prachtige lusthof Mariënburch makke hat. Hy wie net samar in túnman, hy wie in alleswitter, skreau boeken, joech les, makke sinnewizers, wist alles fan wiskunde… Klazina Hofstee dûkt yn it libben fan Johann Knoop. En begjint yn de Potmarge, dêr't eartiids Mariënburch lei.

Wa’t benijd is nei it prachtige boek Pomologia fan Johann Knoop, Utjouwerij Bornmeer wol dit boek op ’e nij útjaan, it leit begin novimber yn de winkel. https://historischcentrumleeuwarden.nl/over-ons/exposities

Rige: ús doarp

Krimp, leechtstân, ferlies fan foarsjennings; eins alle Fryske doarpen ha der wol mei te krijen. Mar eins ek oeral wurdt socht nei tûke en kreative oplossings om it doarp dochs leefber te hâlden. En mei sukses, want op in soad plakken brûst it fan entûsjasme! It Buro folget De Trynwâlden yn dit proses. Hjoed komme we út yn Readtsjerk....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)