Buro de Vries fan 20 oktober 2013

  • Spiler wurdt laden

Yn ferbân mei de grutte brân sneontejûn yn Ljouwert, komt it twadde oere fan Buro de Vries hjoed te ferfallen. Tusken 12:00 en 13:00 oere op Omrop Fryslân Radio in ekstra útstjoering fan Aktueel mei it lêste nijs oer de brân.

Wat te dwaan mei it terrein fan de eardere Flach Drukkerij yn Snits

It soe miskien brûkt wurde foar in útwreiding fan de grutte Flach-drukkerij....
Of foar opslach.....
Of foar....
Mar dat barde allegear net.
En dêrom leit in hoekje grûn yn de Snitser 'Bomenbuurt' al sûnt 1963 te wachtsjen op in definitive bestimming. Mar dat hoecht net sa lang mear te duorjen as de gemeenterie takom wike ja seit tsjin it plan der in buerttún fan te meitsjen. It Buro seach, mei Jan Leistra fan de gemeente Súdwest-Fryslân, op it plak dêr't it om giet...

YM: radiodokumint foar (ûnbekende) Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Aaltsje Boersma.

It Fryske ynterieur

Johan de Haan is foar trije jier bysûnder heechleraar Toegepaste kunsten en Kunstnijverheid oan de Radbout Universiteit yn Nijmegen.
Hy is de tredde bysûnder heechleraar mei in learstoel dy't troch de Ottema Kingma Stichting ynsteld is. Syn foargongers ûndersochten ornamintprinten en Frysk sulver.
De Haan sil him dwaande hâlde mei "it Fryske ynterieur". Op 8 novimber hâldt hy syn inaugurele rede. Ofrûne freed wie in groep studinten mei "de professor" op paad op It Hearrenfean.
http://www.ru.nl/@894276/pagina/

Underweis (1675)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn stiet hy tusken Fryske hynders yn Seisbierrum.

x

    x

      x

        x

        Diel dit berjocht op:
        (advertinsje)
        (advertinsje)