Buro de Vries fan 20 jannewaris 2013

  • Spiler wurdt laden
  • Jan Pieter Dijkstra en Corrie Langeberg

Muskusrottefangers kinne yn elts goed út 'e fuotten mei dit moaie winterwaar
Sjouke Lousma hellet aaien fan in folkstún...
Jan van der Meulen jout syn keunstwurken wei
en Cor Waringa ferhaalt oer it libben fan Riemke van der Werf fan Aldemardum

De kollum komt fan Carolien Roodvoets,
it nijsfoarum komt del
en der is wer in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Moai waar foar muskusrottefangers

De muskusrottefangers binne bliid mei it winterwaar fan ôfrûne wike. Yn de sletten leit in moai stikje iis dêr't je oerhinne rinne kinne. Luchtbellen yn 't swarte iis feriede it plak dêr't de muskusrôt sit. Sûnt 1974 ha de rotten Fryslân ûntdutsen en foarmje in bedriging foar de wetterkearingen.
Ien fan de muskusrottefangers yn Fryslân is Corrie Langeberg. We praten mei har ôf by Spannenburg.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Riemke van der Werf fan Aldemardum

Jan van der Meulen jout syn wurk wei

Byldzjend keunstner Jan van der Meulen yn syn atelier yn Burgum. No makket hy objekten, mar eins is hy stiendrukker-litograaf. Sa ûntwkkele hy ek in eigen flakdruktechnyk, dêr't er patint op hat. Hy rekke sa yn de besnijing fan dizze technyk dat er dei en nacht oan it wurk wie.
It levere in geweldige kolleksje op dy't yn 't hiele lân útliend waard.
Mar ein oktober liezen we yn de krante "Jan van der Meulen geeft kunstwerken weg". Want in soad wurk stie opslein en dat fûn Van der Meulen mar neat.

http://www.vandermeulen-kunst.friesweb.nl/

Underweis (1650)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn hellet hy aaien fan in folkstún...

Kollum

De kollum komt hjoed fan relaasjeterapeure Carolien Roodvoets.

Nijsfoarum

    Ien kear yn 'e moanne skowt it 'nijsfoarum' oan by it Buro. Se beprate it nijs fan de ôfrûne wike. Hjoed sitte yn it 'nijsfoarum': waarman Pyt Paulusma, ferslachjouwer Gerrit de Boer en Twadde Keamerlid Aukje de Vries.

    De minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ultrakoarte ferhaaltsjes. Hjoed: 'Pantheon'.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)