Buro de Vries fan 20 desimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Skieppehoeder Hendry Hoiting * YM Jitte Ketelaar * Over grote beren en knuffels, berneboek oer pedofily * Underweis * Kollum Anje Wester-Koopmans * Jelle B. en syn sus Sippie bringe in Midwinterkonsert.

Mei in hoeder it fjild yn

  • Hoeder Heny Hoiting

Ingels seagen se. De hoeders út it krystferhaal mei de berte fan Jezus. Se kamen as earsten by de lytse poppe yn de widze. Troch dit bibelske ferhaal binne hoeders altyd ferbûn mei de krystdagen. Klazina Hofstee gie yn dizze tsjustere dagen op 'en paad mei in hjoeddeistige hoeder. Yn de omkriten fan Appelskea weidet hoeder Henry Hoiting mei syn borderkolly Fluffy in keppel Schoonebeker skiep…..

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jitte Ketelaar.

Over grote beren en knuffels

  • Xavière Kolk

Xavière Kolk hat in berneboek skreaun oer in lyts bearke dat fan in grutte bear te folle en te grutte knuffels krijt. It printeboek 'Over grote beren en knuffels' behannelet in beladen ûnderwerp: seksueel misbrûk. It is as in fjouwertalich printeboek útjûn: yn it Nederlânsk, it Frysk, it Biltsks en it Stellingwerfsk. It boek biedt gjin oplossing, mar Kolk hopet wol dat mei it ferskinen fan dit boek it ûnderwerp wol better besprekber wurdt. Se hat it skreaun nei't se sels yn har eigen gesin te meitsjen krige mei pedofily.
'Over grote beren en knuffels' is útjûn by de Stellingwarver Schrieversronte en dêr ek te bestellen. Sjoch op www.stellingwarfs.nl

Sjouke Lousma Underweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en komt op syn reis nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket.

Anje Wester-Koopmans

De kollum komt hjoed fan Anbje Wester-Koopmans, ûndernimster yn Earnewâld.

Foar it earst tegearre op 'e planken: Jelle B. en sus Sippie

  • Sippie Sopraan en Jelle B.

Jelle B. kinne we fan syn populêre ferskes, oftewol de popmuzyk. Syn sus Sippie keas foar in hiele oare kant, sy makke karriêre yn de de klassike muzyk. Foar it earst stean se no tegearre op it poadium. Op 21 desimber bringe se in Midwinterjûn-konsert. Sippie yn in koar fan tsien topsjongers en Jelle dy't sjongt en presintearret. In bysûndere gearwurking.

Mear ynformaasje oer it konsert: http://www.midwinterkerstconcert.nl/

12:43 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)