Buro de Vries fan 2 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Fryslân tilt op fan de eilantsjes. It Buro leit dizze simmer oan by de lytse eilantsjes yn de binnenwetters fan ús provinsje. Hjoed binne we yn it Lauwersmargebiet. Sjouke Lousma is wer ûnderweis en Cor Waringa fersoarget de rubryk YM. En diel 5 fan ús detektivesearje Thomas Taktyk 'Goud op it Oerd'.

Nei tolven skeakelje wy wer oer nei Sweden. Op ús reis by Fryske emigranten del, komme we oan yn Sävshö. Hjir wenje Marinus en Attje Buys. Nei't se de stap setten hienen nei Sweden te ferhúzjen, pakte ek soan Wouter syn spullen en letter ek dochter Ruth mei har gesin.

Sweve tusken Sweden en Fryslân

Ek de famylje Buijs kin Sweden fan har fakânsjes. Rom 6 jier lyn kochten se in simmerhûs yn it gehucht by Sävsjö. Attje wurke yn de gehendikeptesoarch en Marinus wie jurist. Troch it loslitten fan syn netflues koe hy syn wurk net mear goed dwaan. Boppedat wie hy ta oan rêst. Sadwaande besluten se te ferhúzjen nei Sweden foar in bepaalde tiid.

Soan Wouter - dy't in oplieding yn it toerisme die - seach it ek wol sitten, benammen doe't der in kamping yn Sävsjö te keap wie. Dochter Ruth en har man Arjen wienen ek ta oan in nij aventoer. Binnen in pear moanne hienen sy de stap ek set doe't Arjen wurk krije koe as kok yn in hotel. Sjoch ek op www.omropfryslan.nl/blog/sweden

Eilân Sennereach

We farre hjoed nei it eilân Sennereach yn it Lauwersmargebiet. Ea wie it in sânplaat yn de Lauwerssee, mar nei de ôfsluting waard de Lauwerssee it Lauwersmar en waard sânplaat Sennereach in echt eilân. Der steane beammen, planten, it reid wuift yn de wyn. In mol graaft er syn hol. En wat sjogge we dêr fleanen? Hans Gartner fan Steatsboskbehear nimt ús mei nei de boaiem fan de see...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Jacob Vellinga, PvdA man.

Thomas Taktyk

Wy fan it Buro binne gek op de Skandinavyske trillers en misdiedsearjes dy't tsjintwurdich hielendal 'hot' binne. Yn it rike radio-argyf fan Omrop Fryslân fûnen we ek sa'n hearlike Fryske detektive: Thomas Taktyk. Fan 't simmer stjoere we ien fan dizze harkspullen út: Goud op it Oerd. Plysjeresjersjeur Thomas Taktyk is mei syn frou op It Amelân, en dêr bart fansels fan alles. Hjoed ôflevering 5: de boat fan sân oere.

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)