Buro de Vries fan 2 oktober 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Is der wyldernis yn it Drents-Friese Wold??
  • Jan Balt
  • De ôffaloven REC yn Harns

Echte wyldernis yn it Drents-Friese Wold? * Wiger Zijlstra fertelt oer dûmnys, dwersbongels en oare dogenieten * YM Jan Balt * De voicemail fan de baas fan de REC * Nijsfoarum

Echte wyldernis, ha we dat hjir noch?

  • Jûn yn de Oude Willem

Wyldernis, echte wyldernis, wat fine jo, ha we dat hjir noch? En oars, fine jo dat wyldernis te meitsjen is? It Drents-Friese Wold wol yn de takomst de besiker in saneamde 'wilderniservaring' meijaan. Dat prikkele de nijsgjirrigens fan ús kollega Remco de Vries. Remco wit wat wyldernis is. Hy bringt al sawat 30 jier syn fakânsjes troch yn de Noarske bergen, allinne, mei syn rêchsek en tintsje. Soe hy dyselde ûnderfining fan dêr hjir yn de takomst ek fine kinne? Mei dat yn de achterholle sliepte hy in nacht yn de bosken fan it Drents-Friese Wold.

Takom wike diel 2: Hoe it gebiet yn de takomst minsken yn wyldernisûnderfining jaan kin.

Dominys, dwersbongels en oare dogenieten

Wiger Zylstra út Mantgum hat in passy foar skiednis en foar Frysk. Dat koe er moai kombinearje doe’t er him nei syn pensjoen dwaande hold mei de skiednis fan de famylje. Hy kaam sokke nuveraardige saken tsjin dat er besleat in boek te skriuwen. It boek hat de titel Dominys, dwersbongels en oare dogenieten krigen. In petear mei Wiger Zylstra oer dit boek.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jan Balt.

De voicemail fan John Vernooij

It Buro is der op 'e nij yn slagge om de voicemail fan in ferneamd persoan te hacken. Dit kear giet it om de voicemail fan John Vernooij, de direkteur fan Omrin. Omrin wie wer negatyf yn it nijs fanwege har saneamde Reststoffen Energie Centrale, de REC, yn Harns. By de steuring fan in pear wike lyn, is mar leafst twa-en-in-heal kear safolle dioksine frij kaam, dan wat yn in hiel jier tastien is.

Nijsfoarum

  • Twadde keamerlid Lutz Jacobi
  • Habtamu de Hoop

It nijsfoarum bestiet dizze wike út twadde keamerlid foar de PvdA Lutz Jacobi, Habtamu de Hoop fan Wommels - ferline jier finalist by de speechwedstryd fan it telefyzjeprogramma 'op weg naar het Lagerhuis' - en Jan Postma, redakteur/presentator by BNR nieuwsradio en Amearika-kenner.
De ûnderwerpen dy't op it kleed komme:
- Clinton/Trump, it earste lange telefyzjedebat
- De 'ontgroeningen' by studinteferienings
- Meie folwoeksenen dy't net kapabel binne, twongen wurde om gjin bern te krijen?
- Gean jim yn 2014 mei nei Mars?
- Oktober = stoptober, hoe fier kinne we gean yn it befoarderjen of miskien wol oplizzen fan it net smoken

11:10 - Des'ree - Life
11:24 - Fiction Factory - Feels Like Heaven
11:41 - Timeless - Where Is The Love
11:52 - Dotan - Shadow Wind
12:11 - Highway 54 - Grut Lankumer Blues
12:17 - Thunderbugs - It's About Time You Were Mine
12:50 - Pharrell Williams - Happy

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)