Buro de Vries fan 2 febrewaris 2014, 11:00

  • Spiler wurdt laden

Ha jo tips, op- en/of oanmerkings? We hearre it graach. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

"Ze worden er duurzamer van"

De stoarm fan ein oktober hat hiel wat beammen de kop koste. Moai hout foar yn 'e kachel. Skande fynt Erik Heere fan Aldebiltsyl. Under de titel 'Stormhout' wol hy der meubels fan meitsje. Fan de gemeente It Bilt hat hy 15 ipen krigen. Mar foar't fan dat hout in stoel of kast makke wurde kin, bin we hiel wat jierren fierder. De beamen lizze no yn in sleat op It Bilt.
http://heereshuys.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Rinze van Dijk fan Kûbaard.

Ghost Track, nij muzykteater fan Blau Hynder

Stifting Blau Hynder is yn 2002 oprjochte. Doelstelling is it stimulearjen fan de muzykteaterkultuur yn Nederlân en Fryslân yn it bysûnder. Kommende wike giet Ghost Track yn première mei muzyk, toaniel en in soad nostalgy. Woansdei en tongersdei is de try out en freed de première fan Ghost Track yn Stedsskouwburg De Harmonie.
Dêrnei toere se troch it lân en komme yn maart en april werom yn de fryske theaters. Foar ynformaasje: www.blauhynder.nl

Sjouke Lousma ûnderweis (1690)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Dizze ôflevering is makke op de mole fan Koarnwert. De lêste mole dy't yn âlde styl boud is stiet tusken in bosk moderne wynturbines.

De miening fan ... Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed komt dizze fan Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins. http://gerritbreeuwsma.nl/

'Us Atsje'

Dit wykein wurdt op televyzje de dokumintêre 'Us Atsje' útstjoerd, weryn dochter Baukje fertelt oer har mem Atsje Keulen Deelstra. Hjir yn it Buro sjogge we nei it begjin fan har fantastyske reedrydkariêre.
Atsje Keulen-Deelstra wie in fenomeen op it iis, nea earder hie in frou safolle wûn. As koartebaanrydster hie se al namme makke en nei't se trije bern krigen hie pakte se de tried wer op en kaam út op 'e langebaan. Men fûn har doe al te âld foar de nasjonale ploech. Krekt dat stimulearre har om noch hurder te trainen. Se koenen net mear om har hinne. Yn Buro de Vries fertelle Stien Kaiser en Akke Falkena oer it earste jier dat se yn de ploech kaam en dalik wrâldkampioene waard.
Sjoch foar de TV dokumintêre hjir: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-2-febrewaris-2014...

De minút fan Nyk

  • Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Rink van der Velde.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)