Buro de Vries fan 2 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

De lokfûgels fan Steven Sterk
In Yn Memoriam troch Cor Waringa
Sjouke Lousma yn it lytse doarp Warstiens
en Gallery de Vries bestiet 20 jier.

De kollum komt fan Carolien Roodvoets
Foar "Hoe is it no mei" reizgen wy ôf nei Balk
en we dûke yn de skiednis fan famyljebedriuw Weidenaar: droege woarst út Dokkum.

Leafde foar de lokfûgel

Steven Sterk is al jierren yn de ban fan lokfûgels; houten bistjes, makke om op fûgels te jeien. Tal fan lokfûgels wurde no eskposearre yn it Fries Natuurmuseum.

YM

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

    20 jier Keunsthannel en Galery de Vries

    20 jier lyn begûn se, tegearre mei har man Johan de Vries, Keunsthannel en Galery de Vries oan 'e Turfmarkt 1 yn Ljouwert.
    Foar Jeannine de Vries alle reden om in jubileumtentoanstelling te hâlden. Se bringe keunst fan de Belgische School, Nieuwe Figuratie en Cobra. En ek it wurk fan Fryske keunstners is te sjen yn dizze galery, flak neist it eardere Fries Museum.

    De jubileumtentoanstelling is te sjen oant 24 febrewaris 2013.

    Underweis (1644)

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Warstiens, in doarpke mei 31 ynwenners.

    Kollum

    Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.

    Ferneamde droege woarst út Dokkum

    Alle wiken gean fan fleisbedriuw Weidenaar út Dokkum mar leafst hûnderttûzen ferpakkingen nei de klant. Gehakballen, byfsfstikjes en oar fleis dat kreas op skaaltsjes yn de supermerk te keap is. Mar wrâldferneamd is fansels har Fryske droege woarst.
    85 jier lyn troch pake útdoktere yn de doarpsslachterij fan Nijewier en hjoed-de-dei yn de massa produseart yn in high-tech fleisferwurkingsbedriuw. Mar noch altyd troch deselfde famylje, mei it selde resept en in einprodukt dat noch krekt sa smakket. Of net? Is it fakmanskip en de de romatyk fan de doarpsslachter troch te setten yn in kille fabryk op in anonym yndustryterrein? Buro de Vries socht it út...

    Hoe is it no mei...

    In jier lyn stie Lútzen de Vries syn nier ôf oan syn dochter Lenie yn Amsterdam. Bysûnder omdat De Vries doe al 84 jier wie. We sochten De Vries thús yn Balk op om te sjen hoe't it no mei him is.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)