Buro de Vries fan 2 augustus 2015 11:00

It Buro stiet dizze simmer yn it teken fan jubilea en Friezen yn Frankryk. Earst in portret fan in jubilaris: de 125 jierrige Vereniging voor Volksvermaken Concordia yn Holwert. Us 'eigen' Tour de France bringt ús hjoed by Bart en Anneke van der Veen en harren fjouwer bern yn it lytse doarpke Le Pin Murrelet.

Jubilaris: 125 jier Concordia yn Holwert

It is de VvV: Vereniging voor Volksvermaak Concordia. Oprjochte yn 1890 en doe tochten de oprjochters foaral oan ferdivedaasje op it iis, want it wie in strange winter. Tsjintwurdich giet it by de VvV om de jierlikse merke, it jeu de boulen en it keatsen. Dit programma oer 125 jier Concordia rjochtet him op it keatsen.

'De Haantjes fan Holwert'

Yn de jierren 40 en 50 wiene 'de Haantjes' fan Holwert wrâldferneamd yn Fryslân. De markante bruorren Pieter en Hiele de Haan keatsten in soad prizen byinoar. Yn de jongeskategory keatsten se mei Lammert Heeringa, ek in baas keatser. De Freule ha se net op harren namme skriuwe kinnen, mar se sieten wol trije kear yn de prizen yn Wommels. De PC wurdt wol in proai foar Pieter en Hiele. Ald-Holwerter Gerrit Lettinga hat in boek oer de bruorren skreaun. Yn in somtiden emoasjoneel petear blikt hy tegearre mei Pieter syn soan Willem werom op it keatslibben fan de 'de Haantjes'.

Freulewinst yn 2005 en meardere PC oerwinnings

Gert-Anne van der Bos is gjin Holwerter mear, tsjintwurdich wennet er yn Mantgum. Mar it keatsen learde hy yn Holwert, by Concordia. 2005 wie in hichtepunt foar him persoanlik, mar ek foar de feriening doe't hy mei Matthijs van der Velde en Rudolf Soepboer de Freule yn Wommels wûn. Dêrnei gie it hurd mei de Holwerter keatser: hy waard op syn 17e haadklasser en mei syn maten Taeke Triemstra en Daniël Iseger keatst er hiel wat prizen byinoar. Op de PC yn Frjentsjer wint er mar leafst fjouwer kear en ek de ôfrûne edysje skreaune se op har namme. Gert-Anne waard boppedat keazen te kening. En de ein is noch net yn sicht. Hy is ommers noch mar 26 jier.

Friezen yn Frankryk: famylje van der Veen

Le Pin Merelet is lyts, hiel lyts. In doarpskearn fan sân hûzen. Hjir wenje Bart en Anna van der Veen. 13 jier lyn bin se mei twa bern dizze kant út gien. Patrick wie doe fjouwer jier, Tirza twa jier, en de tredde wie op komst. Bart hat biology studearre en nei syn promoasje yn Grins krige hy in ûndersyksprojekt fan trije jier yn Toulouse. Hy koe der noch in jier oan fêstknoopje, mar doe hâlde it op. Hy besocht it yn Frankryk, Denemarken, Sweden en Nederlân mar krige gjin nij ûndersyksprojekt fan de grûn. Syn fuotbaltrainer siet yn de bou en brocht him yn kontakt mei in dakdekker. Neffens Bart fertsjinnet hy no like folle as in wittenskipper oan de universiteit en in grut foardiel fynt hy dat er nei wurktiid de holle frij hat.

Postboade yn de Midi-Pyrenees

Anna komt fan Drachten en wie yn Fryslân lerares Dútsk. Yn Frankryk hie se earst de hannen fol oan de húshâlding. Nei Patrick en Tirza kamen noch Ruard (12 jier) en Timo (9jier). Mei har akte Dútsk koe se yn de Midi-Pyrenees net folle want Dútsk wurdt hjir net in soad jûn op skoalle. De bern kieze meast foar Frânsk, Ingels en Spaansk.
Se is wiis mei har baan by de post. Se hat har eigen rûte fan 500 adressen. 'Ik moat soms wol in pear kilometer ride om by in hûs te kommen'. Minsken bliuwe op hege leeftiid op har pleatske fier fan de bewenne wrâld ôf wenjen. Anna is dan soms it ienige kontakt op in dei. In praatsje en in bakje kofje heart der dan by.

In jier letter

    Der is it ôfrûne jier net safolle feroare yn it libben fan Bart en Anneke. Tirza hat it nei har sin op de kampus, Patrick hat eksamen dien en sil nei de simmer in oplieding folgje yn Toulouse. Yn de tún hat Bart in swimbad makke.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)