Buro de Vries fan 19 july 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer yn Buro de Vries: Jubilea en Friezen yn Frankryk. Us jubilaris fan hjoed is it skûtsje fan it Hearrenfean: de Gerben van Manen. Dit SKS-skûtsje is in ieu âld. Yn Frankryk binne we oankommen by Johan en Ellen van Slooten yn it doarpke Masquieres.

Jubilaris: skûtsje de Gerben van Manen fan It Hearrenfean

  • Pier en Fimmigje Visser wennen op de Gerben van Manen

Dit jier is se in ieu âld. It skûtsje is mei har foarmen ien fan de moaisten fan de float. Us jubilaris dizze wike is it skûtsje Gerben van Manen fan It Hearrenfean. Nei de Willem Barentsz waard dit skûtsje ein 1960 troch de kommisje oankocht. Pier en Fimmigje Visser wennen mei har bern op it skûtsje dêr’t no mei syld wurdt.

Altyd mei it skûtsje dwaande

  • Klaas en Hans Boersma wurkje oan it skûtsje
  • Traine mei de Gerben van Manen

Earst wie it Homme Wester, no binne Klaas Boersma en syn soan Hans altyd mei it skûtsje dwaande. Ek dit jier leit it der prachtich by. Klaas is al fyftich jier ferbûn oan it skûtsje en kin de skippers goed typearje.

Kampioensskûtsje, mar de lêste jierren net....

  • Alco Reijenga yn aksje
  • Gerben van Manen hat in goeie start
  • Pastoar Jan Alferink

It skûtsje waard 17 kear SKS kampioen. Foarich jier wie in djiptepunt foar Hearrenfean, se einigen as lêste. De nije skipper Alco Reijenga hopet dit jier better te silen. Oan pastoor Alferink sil it net lizze, hy stiet al wer klear om de klokken te lieden as se kampioen wurde.

Friezen yn Frankryk: Johan en Ellen van Slooten

  • Ellen van Slooten
  • Johan van Slooten

Nei in dei riden troch de Dordogne komme we oan by Johan en Ellen van Slooten. Fier fan de sneldyk, yn in heuvelachtich lânskip mei bosk en greide ha se hjir yn 2006 in buorkerij mei acht hektare lân kocht. Op de grins fan de departeminten Lot en Lot & Garonne. Ien en al rêst, gean mar nei, hjir wenje likernôch 34 minsken per km2. De donkere swiere Cahors wyn komt hjir wei.

'We binne hjir kommen fanwege de hynders'

Johan en Ellen ha trije optykwinkels yn Fryslân; yn Akkrum, Dokkum en op De Jouwer. Johan en Ellen ha Fryske hynders, mar thús yn Terherne hienen se dêr gjin plak foar. De hynders stienen op ferskillende lokaasjes yn Fryslân. Op in gegeven momint koenen se de winkels oer dwaan en doe't dit moaie plakje yn Frankryk him oantsjinne wienen de plannen foar in ferhuzing makke. Spitigernôch gong de oername net troch. Ellen is doe earst allinne mei de hynders nei Frankryk gongen, Johan bleau yn Fryslân by de winkels. In dreech jier. Ellen moast alles allinne útfine yn in frjêmd lân, mei sân Fryske hynders op stâl.

Johan en Ellen in jier letter

De ôfhanneling fan de saken yn Fryslân binne fierhinne rûn, Johan hoecht net mear sa faak nei Nederlân. As Johan en Ellen no nei Fryslân komme dan is it fanwege de bern en pake- en beppesizzers. De minykamping kin los, se ha fjouwer plakken en fan 1 augustus ôf ek in blokhut te hier.
lastuques@hotmail.com

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)