Buro de Vries fan 19 jannewaris 2014, 11:00

Ha jo in goeie tip foar ús, of op- en/of oanmerkings op it programma? Lit it ús witte. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

'In gouden momint, dat beleef je noait weer"

Norbert 444, hynsteleafhawwers witte dan wêr't we it oer ha. De Fryske hynst waard ferline wike op de hynstekeuring fan it Friesch Paarden Stamboek foar de tredde kear kampioen, én útroppen ta hynst fan it jier. Eigeners Jan en Martie van der Zee wisten net wat har oerkaam. We sochten de lokkige eigeners nei in drokke wike op, thús op de Aldebiltdyk.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Symen Grasman.

It 'Gaz'fabryk

Hjoed-de-dei fine we it gewoan dat we ierdgas ha. Mar oant de ein fan de jierren sechtich wienen der op tal fan plakken noch saneamde gashâlders: opslachplakken fan gas út cokes. Fan 'e wike is de útstalling "De Heerenveense Gazfabriek" iepene. It jout in byld fan de gasfoarsjenning yn de foarige ieu. Al yn 1858 boude de Utrechtse Gazonderneming in fabryk yn it Fryske Haachje. Tonny van der Ven en Rinze van der Wal fertelle oer it âlde fabryk. De útstalling "De Heerenveense Gazfabryk" is te sjen yn de biblioteek op It Hearrenfean.

Sjouke Lousma ûnderweis (1688)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn it ferhaal fan twa âlde tsjinstmaten dy't mekoar elke woansdeitemiddei treffe yn Abbegea.

De miening fan ...Tjalling van der Goot

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch Tjalling van der Goot, advokaat by Anker en Anker. http://www.ankerenanker.nl/

Jildou van der Bijl

Yn in pear jier tiid is de glozzy LINDA útgroeid ta in grut súkses. De oplage groeit noch altyd. Haadredakteur is Jildou van der Bijl. Tegearre mei Linda de Mol bepaalt sy de ynhâld fan it blêd. Jildou waard yn 2011 útroppen ta bêste haadredakteur en mei de LINDA hat se al hiel wat prizen wûn. Jildou hat Fryske roots en is dêr grutsk op. Se noege ús út ris op de redaksje fan Linda te sjen.
http://www.lindanieuws.nl/

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Learjild.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)