Buro de Vries fan 19 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Op syk nei eilantsjes yn de binnenwetters fan Fryslân bedarje wy hjoed op de Terkapster Puollen. Ut ús argyf komt de detektiverige Thomas Taktyk. Cor Waringa is der mei de rubryk YM en Sjouke Lousma is fansels wer ûnderweis.

De twadde oere is wer foar ús kollega's yn Sweden. Hjoed dûke se yn de sakewrâld.

De Terkaplester Puollen

It binne allegear eilannen yn de Terkaplester en Terhernster puollen: Brouwers achte, de Skonkepôle.... allegear plakjes om de boat moai oan te lizzen, of foar anker te gean. Wy binne ûnderweis nei de Hynstewerp. Mei de Komelker, de pream fan it doarp Terherne. Auke Bylsma is de skipper, en ek Johannes Kerkhof fart mei.
Foar de Hynstewerp dogge wy de motor út.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Freerk Siegersma

Thomas Taktyk

Hâlde jo ek sa fan trillers en misdiedsearjes? Hearlike kost foar de simmer. It Buro stjoert dêrom fan 't simmer in Fryske detektive út de jierren '70 út: "Goud op it Oerd". Resjersjeur Thomas Taktyk is op It Amelân...
Hear hoe't it fierder giet yn ôflevering 3: Kaartlêze is ek in keunst.

Underweis

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

    Saken dwaan yn Sweden

    Yn Knivsta, in forinzeplakje 40 km boppe Stockholm treffe we twa sakemannen. Aaldert de Boer is direkteur fan Olaer, in bedriuw dat kuollers makket om de oalje yn grutte masines te kuoljen. Hy komt fan Kollumerpomp.
    Siebren de Boer (net famylje fan Aaldert) komt fan Jorwert en sit sûnt in jier as seis yn Stockholm. Hy is finansjeel direkteur by it Amerikaanske bedriuw Banctec, in bedriuw dat giro-oerskriuwings regelet foar banken.

    Mei Aaldert en Siebren ha we it oer de ekonomy yn Sweden, de krisis, Europa en de hannelsmentaliteit fan de Sweden. Se ha beide wol wenne moatte oan dy mentaliteit. Sweden sille net allinne beslissings nimme, earst wurdt elkenien der oer hifke. Yndividuele ferantwurdlikheid bestiet hjir net. As úteinlik in beslissing fallen is dan giet de útfiering hurd; elk is ommers al op 'e hichte en hat der mei ynstimd.

    It earste oere Buro de Vries

    Harkje hjir nei in it folsleine earste oere fan Buro de Vries

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)