Buro de Vries fan 18 septimber 2016 11:00

Wat muzyk betsjutte kin foar minsken mei demintens * Chris van Beek: "Om my falt it kabinet troch it kinderpardon" * Hop plôkje yn Boalsert * YM Siebolt de Jong * De voicemail fan Mark Rutte * Nijsfoarum

Muzykterapy foar minsken mei demintens

Muzyk makket je fleurich, of krekt hiel tryst. Muzyk kin je opswepe, mar ek ûntspanne. It bringt herinnerings boppe en ferbynt. Koartsein: muzyk docht wat mei ús. It rekket ús. En dêr kin we wat mei. Mariska de Vries jout op Bennemastate yn Hurdegaryp muzykterapy oan âlderen mei demintens. We mochten dizze wike by in sessy wêze om sels te sjen wat in positive wurking muzyk ha kin.

Noorderbreedte organisearret woansdei in jûn oer Muzyk en demintens. Sjoch foar mear ynformaasje op: http://www.noorderbreedte.eu/over-noorderbreedte/avond-over-muziek-en-de...

'Om my falt it kabinet troch it kinderpardon'

Chris van Beek fan Littens is út it bestjoer fan it gewest Fryslân fan de PvdA stapt. No is Van Beek in sosjaal demokraat yn ieren en sinen, dat dit beslút is net yn 'e hite hei naam. Hy hat der bot mei wraksele, mar koe nei eigen sizzen net oars doe't hy en de oare bestjoersleden net op ien line kamen. It hie allegear te krijen mei in iepen brief oan de lanlike partijtop dy't hy mei ûndertekene hie.
It Buro gie nei Littens foar in petear mei Van Beek, oer it sosjale gesicht fan de PvdA, oer de ûnfrede fan de leden en oer it bernepardon. Dat petear fûn plak op it wetter, yn de sloep fan Van Beek.

Hop plôkje yn Boalsert

In bierbrouwer hat hop nedich. Hop bringt de smaak oan it bier. Nederlânske bierbrouwers helje har hop meast út Dútslân. By Us Heit yn Boalsert fûnen se dat se it ek wol sels koenen, hop tele en fjouwer jier lyn setten se der mei útein. Ofrûne wike waard de risping fan dit jier binnen helle.
Hop tele yn Boalsert: bedriuwsliedster Ester Osinga en eigener Aart van der Linde fan De Friese Bierbrouwerij lizze út.

http://www.usheit.com/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Siebolt de Jong fan Sânfurd.

Nijsfoarum

It Nijsfoarum, hjoed mei âld plysjeman en âld CDA'er Rindert Algra, boerinne en wetterskipsbestjoerder Aaltsje Rispens en fan de eigen Omrop Frysân redaksje Margreet Hiemstra.

11:09 - La's - There She Goes
11:19 - Roy Orbison - You Got It
11:32 - Clean Bandit (Ft. Louisa Johnson) - Tears
11:44 - Eagles - One Of These Nights

12:08 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
12:15 - Melee - Built To Last

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)