Buro de Vries fan 18 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Strune troch de bosken fan Oranjewâld op syk nei in grêfheuvel
In Yn Memoriam troch Cor Waringa
Jelmer Kuipers oer eardere skipswerven yn ljouwert
en Sjouke Lousma ûnderweis yn Dokkum, it plak dêr't elkenien gelyk is ....

Gerrit Breeuwsma oer lige, we kinne eins net sûnder
Hoe is it mei Janna Eijer, de winneres fan Liet Ynternasjonaal fan ferline jier,
en Jildou Gemser, aktyf binnen de ISU en yn it spier foar de Nederlânske reedriders.

Sykje nei in grêfheuvel (diel 1)

Midden yn 'e bosken fan Oranjewâld leit in grêfheuvel. Wat is it ferhael fan dit bysûndere begraafplak? It ienige dat we witte is dat de heuvel begjin 19e ieu oanlein is troch de famylje Bienema, en dat it flakby it Woutersberchje leit. De 85-jierrige Bowe Kok wit in soad fan de skiednis fan syn doarp en mei him geane we oan de kuier, de bosken yn. Op syk nei de grêfheuvel....

(nije wike diel 2)

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

Jildou Gemser: passy foar reedriden

Op Thialf stean dit wykein alle ynternasjonale reedrydtoppers oan 'e start. Op de earste wrâldbekerwedstriid fan dit seizoen wurdt dúdlik hoe't de ûnderlinge ferhâldings lizze. Spannend. Jildou Gemser is in bekend gesicht foar al dy riders, trainers en begelieders. Net allinne omdat se trainster west hat yn sawol binnen- as bûtenlân, ek omdat se lid is fan de technyske kommisje langebaan fan de ISU, it ynternasjonale reedrydbûn. Derneist set se har yn foar de maatskiplike karriêres fan de Nederlânske reedriders.
Jildou is de dochter fan Piet Gemser en har omke is Henk Gemser. Dat har libben draait om reedriden is dus net sa frjemd. Earder dizze wike troffen we har op Thialf, drok mei de tariedings foar de wrâldbeker.

Hoe is it no mei....

Mei it selsskreaune nûmer "1 klap" wûn Janna Eijer ferline jier Liet Internasjonal. It songfestival foar minderheidstalen waard yn 2011 hâlden yn it Italiaanske Udine. Janna wennet yn Jobbegea dêr't se mei har broer en suster in eigen bedriuw hat. Se jout les yn dûnsjen, sjongen en musical. Wy wienen benijd wat it winnen fan Liet International Janna brocht hat.

Oer twa wike, op 1 desimber, is der wer in edysje fan Liet International, yn it Spaanske Gijon. Fryslân wurdt dit jier fertsjintwurdige troch formaasje Yldau mei it nûmer Fjoer.

Eardere werven yn Ljouwert

It is de tiid om jo boat winterklear te meitsjen. It seizoen sit der wer op. Mar wat ha we wer lekker farre kinnen. Hoefolle fan jo ha sels in boatsje of skip? Hiel wat tink ik.
It rekreative farren bestiet eins noch net sa hiele lang. Pas yn de tritiger jierren fan de foarige ieu, gongen men der op út foar it "plezier" en ûntstie ek de fraach nei "plezierboaten". De skipswerven, dy't dizze boatsjes en skippen bouden, krigen krekt yn de krisistiid in soad wurk en makken in geweldige bloei mei.
Yn Ljouwert wiene allinnich al fjouwer werven dy't har rjochten op de rekreaasjeboatsjes. Se leine bygelyks oan 'e Potmarge en oan it Vliet. Jelmer Kuipers wit der alles fan.

 

Jelmer Kuipers en Frits Jansen fersoargje sneintemiddei, 18 novimber, in lêzing oer de skûtsjebou en de rekreative skipsbou. 14:00 oere yn it Historisch Centrum Leeuwarden

Underweis (1642)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is Sjouke yn Dokkum, it plak dêr't elkenien gelyk is ....

Kollum

Alle wiken yn Buro de Vries in kollum. Hjoed wurdt dizze fersoarge troch ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)