Buro de Vries fan 18 desimber 2016 11:00

Hoe is it foar moslims om yn Fryslân te wenjen? We prate mei in tal jonge moslims.
YM Bauke de Vries.
Nijsfoarum mei Klaas Sietse Spoelstra, Jos van der Horst en Teun Wiersma.
Presintaasje: Simone Scheffer.

Moslim yn Fryslân: Farduso Dahir

Farduso Dahir út Snits is 20 jier en sit yn it 2e jier fan de moade en designoplieding oan it Friesland College. Se is 6 jier lyn út Somalië nei Nederlân ta kommen en is moslim. Hoe sit it dan mei dy oplieding? Kin en mei sy fan har kultuer wol alles meitsje? It Buro wie dêr nijsgjirrich nei en socht har op skoalle op.

Moslim yn Fryslân: Mohammed en Abdelhak

Abdelhak en Mohammed Zoundri sette har yn om radikalisearring fan jongeren tsjin te gean. http://www.expertisebureauzaun.nl/index.html

Moslim yn Fryslân: Zahra Garbouz

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Bauke de Vries.

Nijsfoarum mei Klaas Sietse Spoelstra, Jos van der Horst en Teun Wiersma

11:11 - Nick & Simon - Best Time Of The Year
11:44 - Boxtops - The Letter

12:11 - Tom Petty & The Heartbreakers - I Won't Back Down

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)