Buro de Vries fan 18 augustus 2013

  • Spiler wurdt laden

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide. Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Freonskip

Freonen foar it libben, in soad minsken ha se wol. Ek de feneamde Friezen. Dochs bliuwe dy eins altyd bûten de skynwerpers. Mar dizze simmer is dat oars. It Buro lûkt der op út om thús by bekende Friezen te praten oer freonskip. Mar dan mei harren bêste freon of freondinne. Hjoed bin we yn de Dokkumer wâlden, by sjongeres Griet Wiersma. Har bêste freondinne is Maaike Visser.

'Friezen thús yn Sweden'

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

Sweve tusken Fryslân en Sweden

Marinus en Attje Buijs kochten 6 jier lyn in simmerhûs yn it gehucht by Sävsjö. Attje wurke yn de gehendikeptesoarch en Marinus wie jurist. Troch it loslitten fan syn netflues koe hy syn wurk net mear goed dwaan. Boppedat wie hy ta oan rêst. Sadwaande besluten se te ferhuzjen nei Sweden foar in bepaalde tiid.

Soan Wouter - dy't in oplieding yn it toerisme die - seach it ek wol sitten, benammen doe't der in kamping yn Sävsjö te keap wie. Yntusken hat Wouter in gesin mei trije bern en hat hy mei syn âlden de kamping. Dochter Ruth en har man Arjen wienen ek ta oan in nij avontoer. Binnen in pear moanne hienen sy de stap ek set doe't Arjen wurk krije koe as kok yn in hotel.

Attje is maatskiplik tige aktyf. Se sit yn in organisaasjes foar toerisme en is dwaande har eigen stoffearderij op te setten. Marinus is yntusken wer in soad yn Fryslân te finen. Ynkoarten wurdt hy advokaat op It Hearrenfean en ynvestearret minder yn syn sosjale Sweedske libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)