Buro de Vries fan 17 novimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Op- en /of oanmerkings, of in goeie tip? We hearre se graach! Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Wat te dwaan mei alle dong

It stjonkt en je kin der fan alles fan meitsje. We ha it oer dong, de kowestront. Op de Dairy Campus, flak ûnder Ljouwert, wurdt de dong bewurke.

YM: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Foarmer Idsardi.

Douwe Draaisma oer dreamen

Bin jo ek in dreamer? Miskien oerdei, mar meastel nachts, nim we oan.
Ervarings yn de nacht, dy't jo soms neifertelle kinne. Mar faak bin it flarden dy't as fansels opgean yn 'e nacht.
Wat is it eins, dy dream, dy nachtmerje of dy eroatyske dream. Der binne wittenskippers dy't har hiele libben fasinearre bliuwe troch dreamen.
Douwe Draaisma, heechleraar skiednis fan de psychology, rekke ek yn de besnijing fan de dream, mei as resultaat syn nije boek: DE DROMENWEVER

Underweis (1679)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan...Carolien Roodvoets

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.

Begroeven wurde yn 'e frije natoer

Fryslân krijt in natoerbegraafplak, it komt by Nijhoarne. It is wat nijs, foar in soad minsken noch ûnbekend. Heech tiid om hjir mear oer út te finen. It Buro krige in rûnlieding op it natoerbegraafplak Reiderwolde yn Grinslân. http://www.natuurbegraafplaatsreiderwolde.nl/

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Freonskip.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)