Buro de Vries fan 17 maart 2013

  • Spiler wurdt laden

Houtwâlen en elzesingels hearre by de Fryske Wâlden. Regels en wetten binne betocht om se te behâlden, mar dat moat elk 'm dêr wol oan hâlde.
De boargeroarloch yn Syrië duorret al twa jier. De befolking hat it dreech. Se ha tekoart oan alles; iten, waarme tekkens, in dak boppe de holle. Wijbe Abma besiket der wat oan te dwaan. Cor Waringa fertelt oer de leave en bytsje aparte Jikke Haisma fan Burgum en Sjouke Lousma treft in muskusrattefanger.

Nei tolven sykje we âld-Drachtster Bas Paternotte op. Dizze sjoernalist stekt syn miening net ûnder stuollen of banken.
De kollum komt fan Carolien Roodvoets en Nyk de Vries hat wer in koart ferhaaltsje foar ús.

Hout yn 'e Wâlden

Houtwâlen en elzesingels hearre by de Fryske Wâlden. Om dy te behâlden en te fersterkjen binne regels en wetten betocht en ynfierd. Mar dan moat elk 'm der wol oan hâlde.
Wiebe Jelsma en Stijn van Gijssel fine dat der wat feroarje moat.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jikke Wittermans-Haisma fan Burgum.

Wijbe helpt yn Syrië

De boargeroarloch yn Syrië duorret al twa jier. Militêr yngripe doart it Westen net oan, en ek humanitêre help komt kwalik op gong, foaral net yn de gebieten fan de opstannelingen. Dêrom besiket Fries om utens Wijbe Abma dêr sels wat oan te dwaan.
http://www.vergeetsyrieniet.nl/dutch

Underweis (1658)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is Sjouke yn it fjild by Meilahuzen.

Kollum

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.
http://www.carolienroodvoets.nl/

Bas Paternotte: kritysk of 'Geen Stijl'

Ald-Drachtster Bas Paternotte stiet bekend as kritysk sjoernalist en kollumnist. Dat smiet sels kwalifikaasjes op as 'klotskop' en 'kooivechter; yn it kamp fan Geen Stijl'. Sels fynt er him krekt hiel nuansearre. Tiid foar in goed petear dus. It Buro trof Paternotte op in kâld terras yn de Utertse binnenstêd.....

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Harkema.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)