Buro de Vries fan 17 july 2016 11:00

Yn ús simmerrige prate we mei twa famyljeleden, in duo mei in sterke bân, mar mei ferskillende dreamen. We sette útein mei heit Wietze en soan Anton De Haan. Wietze de Haan kinne we benammen út de polityk. Anton is advokaat, spesjalisearre yn asylsaken.
Fierder nijsgjirrige reportaazjes út ús argyf. Oer pleechâlden, in T-Rex en it plakje Leeuwarden op Bonaire en in 'Minútsje fan Nyk de Vries '.

Wietze de Haan en soan Anton

Salang ast der mear foar werom krijst, moast it dwaan

Yn oktober wienen we te gast by de famylje Wolters yn Burgum. Sûnt acht jier fange sy pleechbern op. Troch it sluten fan bernetehuzen, tehuzen lykas Mooi Gaasterlân, is it tal pleechgesinnen de lêste jierren ferdûbele. Jeugdhulp Fryslân is altyd op syk nei gewoane gesinnen dy't pleechbern in feilich thús jaan kinne. Lykas it gesin Wolters yn Burgum.

Mear ynformaasje oer pleechsoarch finne je op jeugdhulpfriesland.nl/pleegzorg

De T-Rex fan Anne Schulp

Yn septimber moat er klear wêze en kinne we 'm besjen; de T-Rex yn Natoermuseum Naturalis yn Leiden. Dino-saakkundige Anne Schulp is al jierren dwaande mei dit enorme projekt en fertelt der ek regelmjittich oer op TV. Anne is opgroeid yn Snits, hat studearre yn Amsterdam en dêrnei in pear jier wurke yn Maastricht. Doe't natuermuseum Naturalis yn Leiden in T-Rex dinosaurus-skelet ha woe, wie Anne dejinge dy't dat praktysk foarmekoar krije moast. Ein novimber socht ferslachjouwer Botte Jellema him op.

De bedoeling is dat it nije gebou fan Naturalis yn 2018 klear is, mar de T-Rex fan Anne is yn septimber al te sjen.

'Leeuwarden' op Bonaire

Miskien ha je it je ek wolris ôffrege: wat is dat plakje Leeuwarden op Bonaire. Ast op de rûteplanner Leeuwarden yntypst krijst faak twa mooglikheden, ien yn Fryslân en de oare op Bonaire. Kollega Onno Falkena wie ferline jier op Bonaire en socht it út.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makke yn it ferline hiel koarte ferhaaltsjes foar it Buro. Ferhaaltsjes dêr't je soms net fan wisten welke kant it opgean soe, en altyd ûnferwachts einigen. Lykas dizze, út oktober 2013: Ferkearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)