Buro de Vries fan 17 jannewaris 2016 11:00

In protte mûzebiters oan 'e kant fan de dyk * YM Reintsje de Boer * Dirk en Kyra kieze foar in avontoer op Aruba * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Anje Wester-Koopmans * Akkoart sûnder muzyk (3): Hans Wiegel en Johanneke Liemburg oer it Hearenakkoart * Us Doarp (12)

Mei Jacob Bylsma op syk nei mûzebiters

Jo sjogge se nei alle gedachten ek in soad: Grouwe rôffûgels dy't op in pealtsje of yn de greide lâns de autodyk sitte. It binne meastentiids mûzebiters, buizerds, en it liket wol of komme der hieltyd mear.
Buro de Vries stapte mei natoerman Jacob Bylsma yn de auto om in ritsje troch de Noardelike Wâlden te meitsjen, op syk nei mûzebiters.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Reintsje de Boer.

Dirk en Kyra kieze foar in Arubaansk avontoer

'As ik hjir in fêste oanstelling krije koe, wienen we hjir seker bleaun'. Dirk Kuiken en syn frou Kyra Waterlander hienen hjir wol bliuwe wollen, mar in fêste baan sit der hjir foarlopich foar Dirk net yn en dus socht it jonge stel fierder oer de grins. Mei har trije jonge bern, Jurre fan fiif en de twaling Yorian en Sylvan fan hast trije, stappe se 15 febrewaris op it fleantûch nei Aruba. In bûtenlânsk aventoer dat earst yn it Skotske Edinburg plak fine soe. http://waterkuikentjes.waarbenjij.nu/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma is op 'en paad yn Fryslân. Underweis komt er nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket. Op in moaie winterdei treft er in fisker oan it PM-kanaal by Blauforlaet.

Kollum Anje Wester

Akkoart sûnder muzyk (3)

Yn 1982 spruts kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel de wurden "It Frysk orkest moat bliuwe, it Frysk orkest sil bliuwe". Dochs waard it oars doe't hy yn 1988 ien fan de arsjikten wie fan it saneamde Heare-akkoart. Tegearre mei de kommissaris yn Grins, Henk Vonhoff kaam der "in akkoart sûnder muzyk". It Frysk Orkest, it konservatoarium en de keunstakademy (de kultuer) gong nei Grins en it ûnderwiis mei de hegere agraryske skoalle en de learare-opleiding kaam yn Ljouwert. Boppedat krige Ljouwert in nije konsertseal en wie der jild foar it keramykmuseum Princessehof.
Yn dizze tredde ôflevering oer it Frysk Orkest dûke we wer yn ús argyf en we sjogge werom op dit Heare-akkoart mei âld deputearre Johanneke Liemburg en âld kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel.

Ek de LC sjocht nije wike alle dagen werom op It Frysk Orkest en de gefolgen fan it Heare-akkoart. En Fryslân Dok makket in dokumintêre dy't op 24 jannewaris útstjoerd wurdt.

Us doarp: Aldtsjerk

Aldtsjerk, it meast noardlike doarp fan de Trynwâlden, hat in probleem dat in soad oare doarpen ek kenne: krimp. It tal learlingen fan de basisskoalle bygelyks, rûn stadichoan werom fan 100 nei noch gjin 50.
Dat moat oars, fine se yn Aldtsjerk, fertelt Marja de With fan doarpsbelang.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)