Buro de Vries fan 17 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

It Waad krijt as earste gebiet yn ús lân in saneamd eko-rampeplan. Dêryn stean de ôfspraken oer hoe te hanneljen by oaljerampen. Hoe bringt oalje skea oan?
Minecraft, tûzende bern spylje it. In kompjûterspultsje dat leuk is én edukatyf. It buro giet op syk nei it geheim hjirachter.
Yn Nijebiltsyl sit in man achter in kampingtafeltsje, Sjouke Lousma skowt oan.
en Cor Waringa fertelt oer Marie de Vries fan Aldeboarn, in beskieden dichteres.

Yn de twadde oere ûnder oare in petear mei Bert Jonker, direkteur fan Clafis. Sponsor fan hast 200 bûtenlânske reedriders en in bedriuw dat sit te springen om technyske minsken.
De kollum komt fan Carolien Roodvoets en der is wer in ferhaaltsje fan Nyk de Vries.

Oalje op it Waad

It Waad krijt as earste gebiet yn ús lân in saneamd eko-rampeplan. Der binne ôfspraken makke oer hoe te hanneljen by oaljerampen. It Buro woe witte wat oalje foar skea oanbringe kin oan it Waad. Biologe Ellen Kuipers lit it ús sjen.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Marie Koldyk-de Vries fan Aldeboarn.

Yn de ban fan Minecraft

Yn ús Buro skarrelje wolris wat bern om, en dy binne op it stuit ferslingere oan it kompjûterspultsje: Minecraft. Yn dizze wrâld kinne se fan alles bouwe en moatte se eange wêzens ferslaan. We freegje game-ûntwikkeler Remco de Rooij fan Triangle Studios wat der no sa bysûnder is oan dat Minecraft. En Jesse, Fenna en Kara nimme ús mei har eigen Minecraftwrâld yn....

Underweis (1654)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Nijebiltsyl.

Kollum

Foar ús wyklikse kollum komt dizze snein del: relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.

Bert Jonker: ambisjeus en koart foar de kop

Bert Jonker is 46 jier en direkteur fan yngenieursbedriuw Clafis. Sy binne sponsor fan sa'n 200 bûtenlânske reedriders. It yngenieursbedriuw bestiet sûnt 2004 en draait, ek yn tiden fan krisis, op folle toeren. Allinnich hawwe sy in grut tekoart oan minsken. Bert Jonker is boergondiër, ambisjeus, koart foar de kop en hat it mier oan 'bla, bla'. It Buro socht him op.

De minút fan Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries is nominearre foar de J.C. Bloem-poëzypriis 2013, foar syn bondel 'De dingen gebeuren omdat ze rijmen'. It Buro is grutsk dat hy foar ús ultrakoarte ferhaaltsjes makket. Hjoed: Dûnswedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)