Buro de Vries fan 17 augustus 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Bearn Bilker en Douwe Beimin

Op it earste gesicht bin it benammen tsjinstellings dy't opfalle tusken de freonen fan hjoed: Bearn Bilker en Douwe Beimin. Bilker kinne we as boargemaster fan Kollumerlân, CDA'er, leafhawwer fan opera en kenner fan it keningshûs. Beimin is opbouwwurker yn Ljouwert, âld-steatelid foar de Kommunistyske partij, en giet geregeld nei illegale house-party's. Mar net tsjinsteande dizze tsjinstellings binne se inoars bêste freon.

Friezen thús yn Frankryk (8): Bart en Anne van der Veen

We ride in lyts doarpke binnen. Op nûmer 1010 moatte we wêze, ien fan de sân huzen fan de doarpskearn fan Le Pin Murelet. Trije jonges fuotbalje yn 'e tún. Se fleane it hûs yn as se de omropauto sjogge. In blonde Viking komt op ús ôf. It is Bart van der Veen, fan Surhústerfean. Tolve jier lyn is hy mei syn frou Anne en twa bern dizze kant út gien. Patrick wie doe fjouwer jier, Tirza twa jier, en de tredde wie op komst. Bart hat biology studearre en nei syn promoasje yn Grins krige hy in ûndersyksprojekt fan trije jier yn Toulouse. Hy koe der noch in jier oan fêstknoopje, mar doe hâlde it op. Hy besocht it yn Frankryk, Denemarken, Sweden en Nederlân mar krige gjin nij ûndersyksprojekt fan de grûn. Syn fuotbaltrainer siet yn de bou en brocht him yn kontakt mei in dakdekker. Neffens Bart fertsjinnet hy no like folle as in wittenskipper oan de universiteit en in grut foardiel fynt hy dat er nei wurktiid de holle frij hat.

Postboade op it Frânske plattelân

  • Anne foar har postautootsje

Anna komt fan Drachten en wie yn Fryslân learares Dútsk. Yn Frankryk hie se earst de hannen fol oan de húshâlding. Nei Patrick en Tirza kamen noch Ruard (12 jier) en Timo (9 jier). Mei har akte Dútsk koe se yn de Midi-Pyrenees net folle want Dútsk wurdt hjir net in soad jûn op skoalle. De bern kieze meast foar Frânsk, Ingels en Spaansk.
Se is wiis mei har baan by de post. Se hat har eigen rûte fan 500 adressen. 'Ik moat soms wol in pear kilometer ride om by in hûs te kommen'. Minsken bliuwe op hege leeftiid op har pleatske fier fan de bewenne wrâld ôf wenjen. Anna is dan soms it ienige kontakt op in dei. In praatsje en in bakje kofje heart der dan by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)