Buro de Vries fan 17 april 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden

Westellingwerf hat de roeken ûnder kontrôle * YM Tsjikke Anema-Koning * It súkses fan Achmea Culpa: nije foarstelling Kredyt * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tet Rozandal * De Lêsklup * Us Doarp oer buertbemiddeling

Weststellingwerf hat de oerlêst fan roeken ûnder kontrôle

  • Roeken

Roeken, yn grutte groepen strike se del yn hege beammen. En dat jout oerlêst: in protte leven en allegear stront op 'e grûn. Yn Weststellingwerf ha se dy oerlêst fan roeken ûnder kontrôle. De roek en de nêsten fan de roek binne beskerme en ferjeie mei allinne mei in ûntheffing. Dy ha se de ôfrûne fjouwer jier krigen omdat der in goed plan fan oanpak wie.
Wim van Essen fan de bûtentsjinst, en beliedsmeiwurker Groen en Landschap Bert van Lubek fertelle ús wat dat plan ynhâldt.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Tsjikke Anema-Koning oer.

De fjirde súksesproduksje fan Achmea Culpa: Kredyt

Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma reizgje troch de provinsje mei al wer har fjirde produksje. Kredyt spilet 'm wer ôf yn kafee de Bûnte Bok, dêr't eigner Gerrit Haaksma en meiwurkster Anke Bijlsma in ferskaat oan typkes oan de bar krije. Alle rollen wurde, lykas as by de earder foarstellings Kartarsis, Krimp en Kredo, spile troch har beide. Dizze eardere foarstellings waarden elk sa'n 200 kear opfierd en ek Kredyt is foar dit jier alwer folboekt. Foar de fjirde kear op rige in súksesfolle produkje. Hoe kin dat? Wat is it geheim? Om dat út te finen seagen we by in foarstelling yn kafee Noflik yn Easterein.

Mear ynformaasje op www.achmeaculpa.nl

Sjouke Lousma ûnderweis (1771)

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Dizze snein treft hy twa bruorren dy't fiskje mei in magneet.

Kollum

De kollum komt dizze snein fan sjongeres, aktrise en teatermakster Tet Rozendal.

De lêsklup

De lêsklup besprekt ienris yn de twa moanne in pear boeken. Alle trije leden fan de lêsklup ha in 'eigen kar' en se besprekke ien boek dat se allegear lêzen ha. Dat boek is dizze kear 'Firalen' fan Kathy Reichs, yn de Fryske oersetting fan Geart Tigchelaar. 'Firalen' is in jongereinboek. In spannend 'fantasy' boek.
Fierder besprekt Jan Hessel Kooij it boek 't Jagthuys fan Merijn de Boer. Bert René Luimstra hat it oer de Nova Scotia staazje fan Ferdinand de Jong en Annelies van der Goot komt op de tekst oer het compostcirulatieplan fan Anton Valens

Us Doarp: buertbemiddeling

It is goed wenjen yn De Trynwâlden. Dat ha we de lêste moannen by it Buro wol fernaam. Mar as je spul mei de bourlju ha, kin it libben somtiden yn in hel feroarje. By programma's as 'Bonje met de buren' en 'De rijdende rechter' sjogge we dêr genôch foarbylden fan. Yn Tytsjerkstradiel rint op 't heden in proef mei buertbemiddeling, krekt om foar te kommen dat it út hân rint.

12:08 - Cees Bylstra - Leafde (Ut Nynke)
12:15 - Diggy Dex - Morgen Komt Het Goed
12:40 - Jess Glynne - Ain't Got Far To Go
12:43 - Stromae - Tous Les Memes
12:52 - Sake - Harlingen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)