Buro de Vries fan 16 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

De simmer sit der op, mar we hâlde it gefoel noch even fêst, al skommeljend achteryn in huifkar op Skylge.
Wat der ek op sit is ús reis troch Sweden, by Fryske emigranten del. Yn de lêste ôflevering sjogge we by de famylje Jellema-Haytema, dy't op in wier bûten ûnderyn Sweden wenje: Ugerups Säteri.
Yn Memoriam ferhaalt oer it libben fan mollefanger Gerrit Bouma. Sjouke Lousma treft yn Underweis in man op in bakfyts mei in seil. En in petear mei de man dy't yn syn ûnderbroek aksje fiert foar bisten.

Yn in huifkar oer de Boschplaat

It Buro wie fan 't simmer op Skylge, dêr't we ek in ekskurzje makken nei de Boschplaat, it kilometersgrutte natoergebiet oan de eastkant fan it eilân. Jan Bunnik fan Steatsboskbehear liede ús rûn. De rit der hinne wie al moai: mei tweintich man yn in huifkar en trije hynders derfoar. Foerman Douwe Spanjer siet op de bok én op 'e praatstoel.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed fertelt Waringa oer it libben fan mollefanger Gerrit Bouma.

De "vegan streaker" wol de wrâld better meitsje

Vlees is moord, fynt André van Dam, en derom fiert hy aksje. Sa wie hy as 'vegan streaker' ûnder oare te sjen by Paul de Leeuw. Hy is ek wurdfierder fan AFA Fryslân. Hy wol de wrâld better meitsje. Mar dat is net sûnder gefaar. Fandêr syn skûlnamme. Want André van Dam is net syn echte namme...

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy in man op in griene bakfyts mei in seil.

Friezen thús yn Sweden (slot): Buorkje op in âld bûten

Klaas Ane Jellema en Jacomien Haytema hienen in pleats by Rotstergaast. Se molken 60 kij en koenen net ûndernimme sa't sy dat graach woenen. Fjouwer jier ha se om har hinne sjoen foar't Ugerups Säteri op har paad kaam. In bûten mei mooglikheden.
Seis jier lyn kamen se nei Gärds Köpinge mei har fjouwer bern: Allard, Sybrenne, Carsten en Bernice. Op it stuit wurdt der in nije stâl by boud, mei seis melkrobots en plak foar 450 kij. Fierder stean hjir ek 19 hynders: 10 Friezen en 9 KWPN 'ers. Jacomien soe net sûnder har Friezen kinne. It is hjir tige droech, Klaas Ane fertelt dat it net saak is oft se bereine moatte, mar wannear en hoe lang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)