Buro de Vries fan 16 oktober 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Jacques Monasch, Irene Overduin, Rendert Algra en Simone Scheffer
  • Nederlânsktalige en Fryske ferzje
  • Jan Speelman
  • Geeske Hospes

"Hjir bin ik, hier my mar yn" * 'De Spion': boek oer Mata Hari yn it Frysk en yn it Nederlânsk * YM Jan Speelman * Nijsfoarum

'Hjir bin ik, hier my mar yn'

  • Geeske Hospes, oan it wurk mei âlden en bern

De gemeente Almere kaam fan' e wike yn it nijs mei in tryst berjocht foar bern en âlden dy't help sykje: It jild is op, de measte helpfragen sille ôfwiisd wurde. Berne- en jeugdterapeut Geeske Hospes fan Haskerhoarne waard rekke troch dat berjocht en skreau in blog oan de boargemaster fan Almere. Sy skriuwt dat se ferskriklik graach wurkje wol mar net oan de bak komt omdat gemeenten har net meidwaan litte as der oanbestegingen binne. In petear mei har oer de burokrasy dêr't se tsjinoan rint en har passy foar bern.
Mear ynformaasje oer Geeske Hospes is te finen op har site: www.hospescoaching.nl

De Spion, yn it Frysk en yn it Nederlânsk

  • Paulo Coelho
  • Tet Rozendal en Gerk Koopmans te gast yn de studio by Simone Scheffer

De ferneamde Braziliaanske skriuwer Paulo Coelho hat in boek skreaun oer Mata Hari. It boek 'De Spion' is de ôfrûne wiken sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk ferskynd. Op ús fersyk hat Mata Hari fertolker Tet Rozendal de Fryske edysje lêzen, en it Nederlânske boek is lêzen troch Mata Hari deskundige Gerk Koopmans. Beide foel it boek ôf, Koopmans neamt it sels "een prul van een boek".

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jan Speelman.

Nijsfoarum

  • Rendert Algra
  • Jacques Monasch

Hjoed binne de nijsfoarumleden: Rendert Algra, Jacques Monasch en Irene Overduin (sjoernaliste by de Ljouwerter Krante)
De ûnderwerpen dy't oan bod komme: It listlûkerskip fan de PvdA, de koers fan de PvdA, kampanje fiere yn Nederlân en yn Amearika, âlderen dy't klear binne mei har libben kinne der legaal in ein oan meitsje en der dûke oeral horrorclowns op.

11:11 - R.E.M. - Shiny Happy People
11:32 - Tom Odell - Here I Am
11:43 - Katie Melua - Nine Million Bicycles
11:53 - Bill Medley & Jennifer Warnes - The Time Of My Life

12:10 - Everly Brothers - On The Wings Of A Nightingale
12:15 - Alvaro Soler - Sofia

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)