Buro de Vries fan 16 maart 2014, 11:00

Ha je tips, of op- en/of oanmerkings? Lit it ús witte. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Bospest: hoe krij we it fuort

De Prunus Serotina, ek wol bekend as de Amerikaanske Vogelkers, hat noch in namme: De Bospest. En dy namme makket dúdlik dat we der yn de bosk faak in grutte hekel oan ha. Sa bot sels, dat yn de omkriten fan Beetstersweach-Lippenhuzen in nije effektive bestridingswize ynset wurdt. Dat sil dien wurde troch de feriene Opsterlandse boskeigeners, De Groene Parels, yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân. Mar wat is it probleem eins mei dy Prunus? En wat is dy effektive bestridingswize? It Buro prate ôf mei Yolt IJzerman fan de Opsterlandse Groene Parels. Hy naam ús mei de bosk yn, sykjend nei de antwurden.

N.B.
By dizze prunus-bestriding kinne ek frijwilligers mei helpe. Mear ynformaasje en opjaan kin fia de website fan Lânskipsbehear: www.landschapsbeheerfriesland.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Griet de Jong fan Kollum (28-11-1915 - 29-01-2014).

Wat bart der op de toer by Spannenburg

De Toer fan Spannenburg by Tsjerkgaast, it 122 meter hege betonnen beaken yn it Marrelân, wurdt noch faak de TV-toer neamd. Mar de eigener, Alticom yn Meppel, sprekt leaven fan in 'kommunikaasjetoer'. De toer is goed 40 jier âld, mar de high-tec apparatuer is folslein by de tiid en sels al klear foar de takomst. Om't foar al dy kommunikaasjetaken folle minder romte nedich is as eartiids, set it bedriuw no yn op in nije taak as datasintrum. Oane Pieter van der Schaaf fan Alticom noege It Buro út foar in rûnlieding.

Sjouke Lousma ûnderweis (1696)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Oflevering 1696: Op it tsjerkhof lizze se net stil. Der is altiten beweging, seit de behearder fan it hof yn Slappeterp.

De miening fan ...Bert Looper

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar. www.tresoar.nl

'Nachtboek van een kerkuil'

Yn de Sneon en Snein bylage fan de Ljouwerter Krante fan 4 augustus 1990 skriuwt sjoernalist Hans Willems oer in boek dat yn eigen behear útjûn wie: "Nachtboek van een Kerkuil" fan Bas van Gelder. Hy konkludearret: "In de beginfase van de productie is er contact geweest met de Friese Pers Boekerij, maar die zag geen brood in een boek dat toen nog alleen bestemd leek voor Jorwerters en oud-Jorwerters. Dat het uiteindelijke resultaat een veel breder pbuliek moet kunnen aanspreken, zal deze of gene misschien nog eens een licht doen opgaan". De sjoernalist hie in foarútsjende blik, want no, hast 15 jier letter, is besletten it boek echt út te jaan.

Douwe de Bildt is ien fan de minsken dy't dêr foar krewearre hat. Dûmny Bas van Gelder preke yn de oarloch yn Jorwert. Hy preke tsjin de Dútsers en sa rûgelet er it ferset yn. Hy moat ûnderduke en docht dat yn syn eigen tsjerke, boppe de preekstoel.
Bas van Gelder is yn 1993 ferstoarn. "Nachtboek van een kerkuil" wurdt dit jier noch útjûn troch de Friese Pers. De ferwachting is dat it om 1 maaie hinne yn de winkel leit.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: 'De Roggeberg'.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)