Buro de Vries fan 16 juny 2013

  • Spiler wurdt laden

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide.
Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Freonskip

"Freonskip is in brêge dy't tûzen dreamen drage kin". Freonen binne belangryk. Alle dagen in tillefoantsje. Tsjûge op jo brulloft. Altyd slap fan it laitsjen. Wa is jo bêste freon? Dat freegje we fan 't simmer oan bekende Friezen, en tegearre mei dy freon sykje we út wêrom se sa'n goeie klik hawwe. Hjoed reizgje wy ôf nei Assen.

Sicko Heldoorn en Jan Stolp

Hjoed yn ús 'freonerige' Sicko Heldoorn en syn freon Jan Stolp. Se kin inoar al mear as 40 jier. De earste moeting wie yn Heech dêr't Sicko as oankommend sylynstrukteur fierder oplaat waard troch Jan. Yn syn karriêre like it Heldoorn altyd letterlik foar de wyn te gean. In moaie bestoerlike karriêre, earst as deputearre letter as boargemaster fan Opsterlân, dêrnei wer in stapke heger as earste boarger fan de Drintske haadstêd Assen. Oant de gemeenterie dêr in moanne lyn syn termyn net ferlinge woe. De kommunikative en populêre boargemaster wie yn ienen oansketten wyld en amtleas boarger. Hokker rol spylje èchte freonen dan?

Friezen thús yn Sweden

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen.

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje. Sjoch foar ús reisferlsach fan doe op www.omropfryslan.nl/blog/sweden

In Biltse yn Bastad

Us twadde stop yn Sweden is Båstad, hjir wennet Nynke Post. Nynke is 34 jier en mem fan twa jonges: Hidde fan 6 en Sytse fan hast 4 jier. Se komt fan Aldebiltsyl. Foar de leafde ferhuze se nei Sweden.

Oardel jier lyn rûn har relaasje stikken. Nynke wennet no mei har soantsjes yn in lyts appartemint oan de râne fan Bastad. Se keapet fruit en griente yn foar ICA, in dochterûndernimming fan Ahold. Dizze baan hat se mei krigen omdat se Nederlânse is. Yn 'e simmer hat Sweden genôch griente en fruit. Bûten it seizoen helje se in soad út Nederlân. Boppedat komt it measte fruit út Afrika en Súd-Amearika ek fia Nederlân nei Sweden.

Nynke wrakselet mei in grut dilemma: werom nei Fryslân of net? De soarch fan de bern leit hielendal op har skouders, dat is swier. Steun fan famylje kin je dan goed brûke, mar dy wennet yn Fryslân. Mar kin je it de bern oandwaan om safier by harren heit wei te wenjen?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)