Buro de Vries fan 16 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Dizze snein is der in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, rjochtstreeks út in boerepleats yn Heech wei. Dorine van den Beukel en Freya Zandstra, de froulju fan ’En Griene Tsiis’, siede iten mei produkten út de krite. Sy fertelle oer hoe’t sy boadskippen dogge en mei hokker produkten sy wurkje.

Wy komme mear te witen oer de eftergrûn fan de produkten. De pleatslike boer, slachter, fiskerman en grienteman skowe oan tafel oan en fertelle oer harren bedriuw, oer hoe’t sy produsearje en hoe't sy tinke oer saken as duorsumens en oer wêr't iten weikomt.
Yn de earste oere fan Buro de Vries wurdt it iten klearmakke, dêrnei geane wy oan tafel. En fansels krije jo ek tips oer hoe't de tafel moai fersierd wurde kin.

In prachtich en earlik krystmiel! Harkje nei Buro de Vries, live út in sfearfolle boerekeuken yn Heech wei.

De molke

  • De froulju fan "En griene tsiis" melke de kij by boer Haye Ketelaar

De molke dy't we snein brûke komt fan de kij fan boer Haye Ketelaar. De froulju fan "En griene tsiis" ha fan 'e moarn holpen by it melken.

It Menu

    Broadsje fan waai mei selsmakke sâlte bûter en woartelpuree, servearre mei krokante boarekoalchips ( yn it resept stiet earst dat de oven op 150 graden ferwaarme wurde moat, dit moat wêze 130 graden!)
    - Klik hjir foar it resept
    Snoekbears mei knapperige piterseelje en sitroen
    - Klik hjir foar it resept
    Bitterbal fan grôt-risotto mei koalraap
    - Klik hjir foar it resept
    Rollade fan Friberne-baarch mei swiete appels en ierpeltjes út ’e oven
    - Klik hjir foar it resept
    Reade bite- en knolselderijgratin
    Salade fan linzen, knolselderij en hazzelnuten
    - Klik hjir foar it resept
    Blomkoalkeekje
    - Klik hjir foar it resept
    Fanylje-iis mei beerinneburg-sabayon, stoofpar en drabbelkoekkrommels
    - Klik hjir foar it resept

    Gasten en meiwurkers

    • engrienetsiis.nl

    Dorine van den Beukel en Freya Zandstra, de koks, beide fan www.engrienetsiis.nl
    Haye Ketelaar, molkfeehâlder
    Jacob Gijssen, grienteboer
    Freark Visserman, fisker
    Harmen Wierda, slachter
    Deborah Bouma, iismakster iisbuorkerij
    Heleen Sonnenberg, beerenburchprodusint

    Muzyk: Tseard Nauta

    Presintaasje: Sippy Tigchelaar en René Koster

    Harkje nei de earste oere

    Harkje nei de twadde oere

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)