Buro de Vries fan 16 augustus 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

It Buro stiet dizze simmer yn it teken fan jubilarissen en Friezen yn Frankryk. Us jubilaris fan hjoed is de 100 jierrige HTS yn Ljouwert. En yn Frankryk binne we te gast by Frits Hoekstra. Hy nimt ús û.o. mei nei Carcasonnais en fertelt oer syn eardere wurk by de BVD.

Jubilaris: 100 jier HTS yn LJouwert

  • Ald-HTS direkteur Sake Bokma

Heger technysk ûnderwiis yn Ljouwert: de HTS. Oprjochte op 18 febrewaris 1915 yn Ljouwert, troch Gerardus Casper Michell, direkteur der ambachtsschool. Mei as doel: 'vorming van jongelieden tot bekwame ambachtslieden'.

Untwikkelings troch de jierren hinne

  • Hans Drijfhout direkteur technyk NHL
  • Ald-HTS direkteur Sake Bokma

Studinten en de takomst

  • Fleur Bakkum studint skipsboutechnyk
  • Stduinten Mark en Marten

Friezen yn Frankryk: Frits Hoekstra

Villaniere, noardwest fan Carcassonnais. In doarpke mei 125 ynwenners en ien fan har is Frits Hoekstra. Hoekstra is nei Frankryk ferhuze nei't syn frou ferstoar. "Ik woe net langer yn de wenbuorkerij yn Lippenhuzen wenje, it rôp te folle herinnerings op. Ik woe in nije start meitsje yn Frankryk". Hoekstra hie samar kontakt mei de Frânsen en fielt him hjir tige wolkom. Hy sprekt de taal goed, giet nei de aktiviteiten yn it doarp en genietet fan de kulturele aktiviteiten.

Carcasonnais

  • Mei Frits Hoekstra yn Carcassonnais

Frits Hoekstra nimt ús mei nei Carcassonnais. It sintrum is de âlde sitadel, in grutte festing op de berg. "Eartiids ha de Kataren hjir ynsletten sitten doe't de Roomske paus har útroeie woe". It is in grutte sitadel, mei allerhande gebouwen. Alles is goed bewarre bleaun.

Yn tsjinst fan de BVD

Yn de tiid fan de kâlde oarloch wie Frits Hoekstra belutsen by it folgjen fan de CPN en har organisaasjes en hâlde kommunistyske ynfiltranten yn de PvdA yn 'e gaten. Hy wurke foar de BVD, de binnenlânske feilichheidstsjinst. "It wie prachtich wurk. In soad kontakten yn it bûtenlân. Myn paspoart wie yn dy tiid op namme fan Frits Schotanus. Ek ús bern wisten net wat heit die. Sels myn frou fertelde ik net oer myn wurk." Neidat hy 15 jier út it wurk wie, hat er twa boeken skreaun oer syn baan by de BVD.

In jier letter

    Frits Hoekstra is snein 5 july 2015 ferstoarn. Yn oerlis mei de famylje is besletten dit programma dochs te werheljen.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)