Buro de Vries fan 15 septimber 2013

It Buro seach by Brian Kabbes, kweker mei in eigen fyzje; sa hat hy allinne planten dêr't hy sels wat mei hat. We wienen by de premjêre fan "Leeghwater", it teaterspektakel op de Ofslútdyk. Fansels de fêste rubriken en we beprate it nijs fan de ôfrûne wike. Dizze snein dogge we dat mei Klaas Sietse Spoelstra, Saskia Bak en Retze van der Honing.

Planten dy't allinne mar moai binne, hat Brian Kabbes neat mei

Brian Kabbes strúts mear as 20 jier lyn del yn Sumar en sette útein mei in kwekerij. Hy kweekt in wikkelsjende kolleksje planten. Is altyd op syk nei wat nijs. En om dat nijs te finen giet hy de hiele wrâld oer. Brian Kabbes hat sa syn eigen fyzje op túnkjen en hat allinne planten dêr't hy sels wat mei hat
Kwekerij Kabbes hat dit wykein iepen hûs. Sjoch foar mear ynformaasje op syn site: www.kabbes.nl

Yn Memoriam: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Hans Knol fan De Gordyk.

Leeghwater

Oan de Waadkant fan de Ofslútdyk, by it plakje Breezanddijk, wurdt dizze dagen it teaterspektakel Leeghwater opfierd. Leeghwater is in produksje fan BUOG (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen) oftewol regisseur Pieter Stellingwerf en foarjouwer Kees Botman. Kabaretier Bert Visscher spilet útfiner Leeghwater. Hy hat in enerzjysintrale boud dy't wurket op swiet en sâlt wetter. Hy wol 'm graach presintearre mar ien fisker leit dwers. Fisker Jehannes, spile troch Jan Tekstra, wol syn fiskwetter net ôfstean. Spylje op sa'n bysûndere lokaasje, dat fâlt net altyd ta. http://www.leeghwater.nu/

Sjouke Lousma Underweis (1670)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ...Bert Looper

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. www.tresoar.nl

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Beatles
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)