Buro de Vries fan 15 maart 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

It Wetterskip: Wat is dat? Wat docht it?

  • Woudagemaal

It Wetterskip, we ha der meast wol fan heard, mar wit jo wat it Wetterskip krekt docht? Om dat út te finen binne wy dizze snein in 'Dei op it wetter'. De hiele dei stiet Omrop Fryslân yn it teken fan de wetterskipsferkiezings, dy't tagelyk mei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten hâlden wurde (woansdei 18 maart). Tusken 8.00 oere moarns en 18.00 oere jûns komme alle radioprogramma's live út ús mobile studio op in bysûndere lokaasje: op 'e dyk by it Woudagemaal op 'e Lemmer.

11:00 - 12:00 oere

  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Buro de Vries dûkt yn de skiednis fan it Wetterskip. Argivaris Jelle Hagen is tusken 11:00 en 12:00 oere ús gast. Ferslachjouwer Roelof Lousma sil op 'en paad mei in muskusrattefanger en we folgje Hayo Bootsma op it Waad.

12:00 - 13:00 oere

Diskusje oer Fryske wettersaken. Us 'Wetterfoarum' bestiet út:
- Nico Minnema, ûnôfhinklik adviseur natoersaken
- Maarten Reijgersberg, directeur betonbedriuw
- Peet Sterkenburgh, melkfeehâlder yn Ferwâlde, LTO-noard bestjoerder
Tuskentroch krije de listlûkers fan de ferskillende partijen koart de mooglikheid te reagearjen.

Fjouwer stellings

    We diskusjearje oan de hân fan fjouwer stellings:
    1 Fryslân is in lânbouprovinsje: it wetterpeil moat dêr op ôfstimd wêze.
    2 Klimaatferoaring easket in ekstra seegemaal.
    3 It wetterskip kin lytser, doelmjittiger en ynnovativer (troch mear gearwurking mei de merk).
    4 It wetterskip moat ûnderbrocht wurde by de provinsje.

    Presintaasje

    Presintaasje: Geartsje de Vries en René Koster

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)