Buro de Vries fan 15 maaie 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • It gebou fan De Deur oan de Zwemmerstrjitte yn Ljouwert
  • Teakje Zijlstra
  • Marten Wesselius
  • Tet Rozendal

Fûgels sjen foar begjinners * YM Titus Lolkema * Life is beautiful: Teakje Zijlstra-Tilma * Sjouke Lousma ûnderweis * Kolumn Tet Rozendal * Gemeente De Deur * Us Doarp

Fûgels sjen foar begjinners

  • Ljip yn gers

Greidefûgels, we ha it der in soad oer yn it nijs, se ha it dreech. Mar wit jo dan krekt oer hokfoar fûgels we it hawwe?
Fansels, de ljip, de skries, de strânljip, dy sil je der wierskynlik wol úthelje. Mar it binne der folle mear. Marten Wesselius jout takom wike de ekskurzje 'greidefûgels sjen foar begjinners', dit yn it ramt fan de 'Nationale Vogelweek'. Wy krigen alfêst in foarpriuwke.

Takom wike wurde der troch it hiele lân fûgelekskurzjes hâlden. Mear ynformaasje op: www.vogelweek.nl

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Titus Lolkama fan Ljouwert oer.

"Life is beautiful": in twadde kâns troch nije longen

  • Klaasje Postma

Aktrise Klaasje Postma stiet op it stuit op de planken mei it stik Life is Beautiful, oer de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. Yn it stik giet it oer hoe't je yn it libben stean, wat je oerein hâldt, hokker keuzes je meitsje. Klaasje Postma prate mei ferskillende minsken oer dizze tema's. Yn ús TV programma Bynt hat se hjir al oer ferteld. Sa socht Klaasje ek Teakje Zijlstra fan Frjentsjer op. Sy krige in twadde kâns troch nije longen.
To. 26 maaie binne Klaasje en Teakje yn Bynt te sjen http://www.omropfryslan.nl/programma/bynt
Mear ynformaasje oer de foarstelling "Life is beautiful' op: http://www.pier21.nl/nl/life-is-beautiful-2/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Dizze snein treft hy in man dy't al mear as 1 miljoen kilometer op de fytsteller hat en pinkstermoandei foar de 47ste kear de alvestêdetocht fytse sil.

Kollum Tet Rozendal

De kollum komt dizze snein fan aktrise, sjongeres en teatermakster Tet Rozendal.
http://www.tetrozendal.com/

De populariteit fan evangelyske gemeente De Deur

  • Foargonger Nomdo Schuitema (De Deur Ljouwert)

De measte tsjerken ha it dreech. It tal leden rint werom en wa't wol lid is komt noch mar selden nei de tsjinsten. Des te mear falt it op dat it guon tsjerken foar de wyn giet. Hielendal as blykt dat sy ek jongeren en minksen út oare kultueren oan har bine kinne. Evangeeljegemeente De Deur yn Ljouwert is sa'n tsjerke. Begûn as in bibelstúdzjegroep en útgroeid ta in tsjerkemienskip dy't alle wiken hûnderten besikers lûkt. Koartlyn kochten se foar fjouwer ton it gebou oan de Zwemmerstraat, dêr't se earst in part fan hierden. Foar it Buro reden om ris te sjen wat no krekt it bysûndere is fan dizze mienskip. We giene op ûndersyk út en fernamen dat ek foar ús de doar wiid iepen stiet.
Mear ynformaasje op www.dedeurleeuwarden.nl

Nanne en syn papierfersnipperder

Yn De Trynwâlden bin in soad foarsjennings foar minsken mei in beheining: soarchpleatsen, wenfoarmen, wurkpleatsen, neam mar op. In skofke lyn wiene we op besite op It Skewiel yn Oentsjerk. Yn dit servicesintrum troffen we minsken fan It Aventoer, dy't dêr as deibesteging oan it wurk wiene. Sa kamen we ek yn de kunde mei Nanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)