Buro de Vries fan 15 juny 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Tjet Rikst: in boeier mei ferhalen * Kollum Tjalling van der Goot * Orchideeën yn it Lauwersmargebiet * De dream fan EVT-man Erwin Rob is oer * YM * Underweis * Minút fan Nyk

Orchideeën yn it Lauwersmargebiet

De orchidee, in juwieltsje yn de finsterbank. Yn it wyld binne se ek te finen, by it soad. Oer de wrâld wurdt it tal soarten skatten om de 20.000 hinne. In pear derfan binne te finen yn it Lauwersmargebiet. Jan de Vries nimt ús mei.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Lodewyk Luinstra.

'Dat kost wel heel veel moeite om dat een plekje te geven'

Fan't maaitiid kaam der in ein in striid tusken rederij Doeksen en EVT. Sân jier gesteggel einige mei de oername fan EVT troch Doeksen. EVT krijt fan de Steat in fergoeding fan 9 miljoen. We sjogge mei Erwin Rob, direkteur fan EVT, Eigen Veerdienst Terschelling, werom op syn dream, fare tusken Skylge en Harns.

Sjouke Lousma ûnderweis (1708)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Diskear treft hy de 'Paus fan Ljouwert'.

De miening fan Tjalling van der Goot

De kollum komt dizze wike fan Tjalling van der Goot, advokaat by Anker en Anker.
www.ankerenanker.nl

Tjet Rixt: boeier mei ferhalen

Se hat in bysûnder moai plak krigen yn de klassike skipshaven yn Terherne. Se leit binnen, efter it rút, Tjet Rixt. De âldste (noch) farrende boeier hat hiel wat meimakke yn har libben. Foar dit ferhaal gean we it wetter op. Oan it roer sit skipper Bram Maasdam, en oan board skriuwer Dirk Huizinga en Gerben Groenhof, bestjoerslid fan it Sudersee Museum. Dit museum is de grutske eigener fan Tjet Rixt.

It boek "Tjet Rixt en haar mannen" is skreaun troch Dirk Huizinga fan Drachten. www.dirk-advies.com
En sile mei de Tjet Rixt kin ek, sjoch foar mear ynformaasje http://www.varendfriesland.nl/tjet-rixt/

De minút fan Nyk

  • Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)